Feanterij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nds-nl, sv - fuort: nds - oars: nl
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - derby: stq:Feenkultuur; tekstwiziging
Rigel 1:
[[ImageOfbyld:Peat artisanal exploitation2.jpg|thumb|Feangrûn gaadlik om turf fan te stekken]]
'''Feanterij''' is it weiheljen fan in [[fean]]laach, wêrby der boulân, greide of wetter oerbliuwt. It dylgjen fan [[fean]] wie oantreklik omdat it as brânstof brûkt wurde kin.
 
Foar it winnen fan dy brânstof, [[Turf (brânstof)|turf]], binne yn Fryslân en dêrbûten grutte stikken feangebiet ferfeante. It oanwêzige heechfean en leechfean is op grutte skaal ôfgroeven of fuortbaggele. As de boppeste laach fan heechfean, neamd [[bolster]], fermingd wurdt mei it sân ûnder it ôfgroeven feanpakket, ûntstiet [[dalgrûn]]. As leechfean ôfgroeven wurdt, ûntsteane der, troch de hege wetterstân, puollen en marren.
Sûnt de [[18e ieu]] binne in soad [[Gitersken]] en minsken út Drintske doarpen nei Fryslân kommen as turfgraver
 
Rigel 11:
 
== Heechfean ==
Bekende Nederlânske heechfeanterijen binne yn it súdeasten fan [[Grinslân]] en it easten fan [[Drinte]]. Hjir lei eartiids it Nederlânske part fan it grutste [[sompe|sompe]]gebiet fan Noardwest-Europa; it [[Boertanger Fean]]. Foar de feanterij binne dêr in soad kanalen groeven en grutte [[feankoloanje]]s stifte. It fean waard droege en brûkt as brânstof; turf. De [[feanmoas]]turf út de heechfeangebieten is mear as leechfeanturf geskikt as brânstof. It hat in relatyf hege ferbaarningswearde, der komme net folle ruotdieltsjes frij by it ferbaarnen en oars as by de swevellucht dy't by it ferbaarnen fan leechfean frijkomt stjonkt it ek net folle. Boppedat sitte der net folle stammen en stobben yn. De feankoloanjes waarden, neist mei lokale arbeiders, befolke troch in soad minsken út it westen fan Nederlân, wat noch blykt út plaknammen lykas [[Nij-Amsterdam (Drinte)|Nij-Amsterdam]] en [[Hollânskefjild]]. Yn Drinte leit it gebiet dat yn Nederlân it lêst ferfeante waard: It [[Bargerfean]], noardeast fan [[Schoonebeek]]. Hjir waard foar it lêst fean ôfgroeven yn [[1992]]. Dat barde net mear foar brânstof, dit fean wie bedoeld as grûnstof foar [[Túnturf|turfstruisel]] dat brûkt waard as grûnferbetterder, it meitsjen fan [[Norit]], en in [[pigmint]]: ''Drintsk Swart''. It Bargerfean is net hielendal ferfeante, dat der is noch libben Heechfean.
 
[[Kategory:Fean]]
Rigel 18:
[[nds-nl:Veenkelonie]]
[[nl:Veenkolonie]]
[[stq:Feenkultuur]]
[[sv:Fehn]]