Jever: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Wichtige plakken: lykwicht plaatsjes
L [[]]
Rigel 9:
Fan âlds wie Jever in wichtich plak. Yn de [[10e ieu|10e]] en [[11e ieu]] hie de stêd in grutte seehaven, dy’t nei ferrin fan tiid troch it slyk ticht gie. Dochs bleaun de stêd in wichtich hannelsplak en krige it yn [[1347]] [[stedsrjochten]].
 
Nei de dea fan de lêste haadling fan Jever, [[Edo Wiemken de Jongere]], yn [[1511]], ferlear Jever harren ôfhinklikheid en kaam it koarte tiid yn hannen fan Greve [[Edzard de Grutte]] fan East-Fryslân. Wêrnei it wer ôfhinklik waard ûnder Mary, de dochter fan Edo. Har dea yn [[1575]] waard in skoftke stil hâlden omdat de lieders fan Jever bang wienen foar it werom kearen fan de Eastfriezen. Yn stee fan de Eastfriezen foel Jever yn hannen fan Oldenboarch. Letter krigen ek de Saksen en DenemarkenDenemark Jever wer foar in skoft yn hannen.
 
Yn [[1667]] makke Jever diel út fan it âld-hearskip [[Anhalt-Serbst]]. Neidat [[Freedrik August]], dy’t de [[Ingelân|Ingelsken]] finansjeel holpen hie yn de [[Amerikaanske Revolúsjonêre Kriich]], yn [[1793]] stoarnstoar, foel Anhalt-Serbst útinoar. De stêd kaam doe yn hannen fan de [[Ruslân|Russyske]] tsares [[KatharinaKatarina II fan Ruslân|Katarina de Grutte]], in prinses fan Anhalt-Serbst, dy’t Jever en it gebiet derom hinne erfde.
 
Jever bleau Russysk oant de komst fan [[NapoaleonNapoleon]]. Hy bemastere it gebiet yn [[1807]], en by de [[Frede fan Tilsit]] moasten de Russen it gebiet ôfstean. East-Fryslân wie fan [[1808]] oant [[1810]] ûnderdiel fan it [[Keninkryk Hollân]], in Frânske fazalsteat. Kening [[Loadewyk I fan Hollân]] stelde Frânsk-Nederlânske generaal [[Étienne Jacques Travers]] oan as baron fan Jever. Yn [[1813]] kaam Jever wer yn hannen fan de Russen, fiif jier letter stienen dizzen it wer ôf oan Oldenboarch.
 
Omdat Anhalt-Serbst de feilichheid foar [[Joaden]] garandearre waard Jever it sintrum fan it Joadske libben yn Eastfryslân. Dit bleaun sa oant it begjin fan de [[20e ieu]], doe’t in protte jonge joaden nei gruttere steden ta gongen foar in bettere takomst. Letter flechten in protte joaden foar it groeiende [[anty-semitisme]]. Hjirtroch wenne der yn [[1938]] noch mar de helte fan it tal minsken dat earder yn Jever wenne, noch mar 98 joaden wienen yn dat jier oer bleaun. De synagoge út [[1802]] waard yn de [[Kristalnacht]] hielendal ôfbrutsen.