Twizel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: doarpswapen
Rigel 19:
 
Yn Twizel wurdt elk jier de [[Simke Kloostermanpriis]] útrikt. Yn [[1999]] hat Twizel in [[wapen (heraldyk)|wapen]] oannomd.
== Doarpswapen ==
Earder hjitte it doarp Optwizel, dat betsjut: ''by de twasprong''. Yn it doarp rinne twa wegen út elkoar. De twasprong wurdt mei in gaffel werjûn. Swart om oan te jaan dat de net-ferhurde diken der troch de moude swart útseagen (notiids troch it asfalt.) De sângrûn dêr't it doarp op leit, wurdt oanjûn troch it gouden fjild. Op it hege diel, meastal oan wjerskanten fan de dyk, wie boulân, dêr't in soad rogge ferboud. Oan de eastkant waard fierwei de measte grûn as greide brûkt. Dizze situaasje wurdt troch de rogge-ier rjochts en de klaver links yn it skyld oanjûn. Yn it skyldhaad sit in [[bokweet]]kerl, as oantinken oan de pelmole en it ferbouwen fan [[boekweet]]. Yn it reade hertskyld stiet in ferwizing nei de bynamme fan de ynwenners fan Twizel: ''wezelingen''.
 
== Mienskip ==
Sintraal stiet doarpshûs De Bining. Hjir sitte ek pjutteboartersplak Date's Plakje, Pleatslik Belang en oare ferienings yn. SKW soarget foar in soad aktiviteiten yn Twizel. Lytse Wiman en De Oanrin binne de beide basisskoallen fan it doarp.
 
=== Ferienings ===
* De Wikselpas - folksdûnsjen
* Laat ze maar schuiven - sjoelen
* Ghostriders - linedance
* Vriendenkring - toaniel
* [[Fuotbalferiening Twizel]]
* Olympia - kuorbal
 
=== Befolking ===
* [[1955]] - 1088
* [[1960]] - 1078
* [[1965]] - 1068
* [[1970]] - 1092
* [[1973]] - 1047
* [[2004]] - ±1030
* [[2008]] - ±1120
De Nederlânske akteur [[Peter Tuinman]] is hjir berne.