Warstiens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
doarpstabel
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 15:
Warstiens leit yn it noarden fan Boarnsterhim, flakby de doarpen [[Wergea]] en [[Warten]], ûngefear fiif kilometer besuden [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. It [[Langdeel]] dielt it doarp yn twa helten. Dat wurdt ek symbolisearre yn de wite baan fan it doarpswapen. Oan de eastkant lizze in tal pleatsen, oan de westkant leit de terp.
 
Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]] makke Warstiens diel út fan de eardere gemeente [[Idaarderadiel]], wêrby't [[Grou (plak)|Grou]] it haadplaatshaadplak wie.
 
De buorren falle sûnt 2007 ûnder de [[beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân]].
 
== Tsjerke ==
 
De herfoarme tsjerke fan Warstiens is boud yn [[1882]]. It ûntwerp fan it [[eklektysk|eklektyske]] bouwurk is makke troch de Ljouwerter arsjitekt [[Hindrik Hindriks Kramer|H.H. Kramer]]. It gebou ferfong de midsieuske tsjerke mei sealdaktoer. Hjirby is de tradysjonele east-west oriïntaasje hielendal omkeard. Meastentiids stiet de tsjerketoer oan de westkant fan in tsjerke, mar hjir oan de eastkant.
De midsieuske liedklok (Cecilliaklok) út [[1252]] is yn it Nasjonaal Beiaardmuseum yn [[Asten]] bedarre.