Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 20:
 
== Middelbere leeftiid ==
Yn 1731 siet har taak as regintesse der op. Se sette har ta wensjen yn it [[Princessehof]] yn de Ljouwerter Grutte Tsjerkestrjitte, in hof dat yn 1731 oankocht wie. Maria Louise hie in wichtige porsleinkolleksje. Tsjintwurdich sit yn it Princessehof it nasjonaal [[keramyk]]museum. Yn de jierren dêrnei feriensume se. Har soad hie it smoardrok, en boppedat siet hy faak yn it fiere [[De Haach]]. Reizgjen nei De Haach waarden har te moedsum om faak te dwaan. Dêrneist koe se mar min oerwei mei har skoandochter [[Anna fan Hannover]]. Doe't yn 1747 [[Willem IV fan Oranje-Nassau]] ek steedhâlder fan de oare gewesten fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] waard bleau hy permanint yn [[De Haach]]. == Regintesse (1759-1765) ==
Yn oktober 1750 kaam se foar it lêst by har soan op [[Paleis It Loo|paleis it Loo]]. Doe't Willem IV yn 1751 ferstoar, wie syn soan [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] noch mar trije jier âld. Ek Willem V syn suske Carolina wie doe noch minderjierrich. De mear as santichjierrige
Marijke Meu naam it regintskip oer fan har skoandochter, [[Anna fan Hannover]], dy't yn [[1759]] ferstoar. Har gesondheid wie yn dizze jierren al lange tiid swak. Zij moast yn dit twadde regintskip gearwurkje mei de [[Loadewyk Ernst fan Brunswyk-Lüneburg-Bevern|hartoch fan Brunswyk]], dy't as foud oer har beppesizzers oansteld wie. Meardere kearen reizge se fan Ljouwert nei De Haach om op te kommen foar de belangen fan har neiteam. Een lichte beroerte makke dat se de macht oer har rjochterhân ferlear.