Aldehou (toer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Hoek - Verwijzing(en) gewijzigd naar Hoek (Ljouwert)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - derby: stq:Ooldehou; tekstwiziging
Rigel 16:
Boumaster Van Aaken hie sin oan 't kerwei en sette útein mei it fûndearjen. Boumaster Van Aaken wie fan heit op soan in hurde ûndergrûn wend en it bouwen op de Fryske [[klaai]] wie foar him sûnder mis in besykjen, in eksperimint. Hy liet in grutte djippe kûle grave, dêr't er oan 't op in djipte fan 1,15 meter bar om bar hurde kalk en taaie klaailagen yn smiet. Doe koe in begjin makke wurde mei it bouen fan 'e toer. Om elts risiko út 'e wei te gean krige de Aldehou in brede foet, fersterke fan acht frij fier útboude steunbearen. Eins soene op dizze útsteksels bylden van [[hillige]]n en [[ingel]]s set wurde, mar dat is der nea fan kommen.
 
Al dizze maatregels hawwe lykwols neat úthelle, want de toer begûn al nei it noardwesten te fersakjen doe't er noch mar tsien meter heech wie. Neffens minsken dy't it witte kinnen is de treptoer mei 127 sânstienen trêden, dy't tsjin de noardwestlike steunbear boud is, tegearre mei it gewicht de reden fan it fersakjen, wêrtroch de Aldehou sa'n 1 meter 68 út it lead stiet.
 
[[Jacob van Aaken]] hat it foltôgjen fan de bouwurken net belibje mocht, want trije jier nei it begjin fan it wurk is er ferstoarn.
Rigel 24:
De bou waard stillein om't de Lege Lannen ûnder ynfloed fan de lear fan [[Maarten Luther]] kamen. De Aldehou wie de tsjerketoer fan de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Roomsk Katolike]] [[Sint Vitustsjerke]], dat men krige foar de bou gjin jild mear.
 
=== Restauraasjes ===
De toer bleau in wouterke, want eltse ieu op 'e nij moasten der ûnderskate kearen kostbere restauraasjes útfierd wurde.
 
Rigel 31:
De [[restauraasje]] hat gâns jild, muoite, ymprovisaasje en ymprovisaasjetalint ferge, mar it hat wol fertuten dien. It Ljouwerter [[monumint]] stiet der wer kant bij.
 
== De klokken fan de Aldehou ==
=== De Grutte Klok yn 'e Aldehou ===
Getten te Ljouwert yn 1633 yn 'e klokkejitterij fan [[Hans Falck fan Neurenberch]], húsmanjend yn 'e eardere tsjerke van [[Nijehou]] (gewicht 4500 kg)
Rigel 38:
Getten yn 1637 yn 'e selde jitterij. de eardere tsjerke fan Nijehou, dy't doe yn eigendom wie fan 'e opfolger fan Hans Falck: [[Jacob Noteman]] (gewicht 2000 kg)
 
== Technyske feiten ==
De Aldehou is likernôch 40 meter heech. Hy hat 183 treden mei in ôfstan fan 22 sintimeter; dat wurdt dan 183 x 22 sintimeter = 40,26 meter. De Aldehou hinget 1,68 meter yn noardwestlike rjochting út it lead. Dit is likernôch 2 graden. De draachmuorren, de noard- en súdmuorre, binne sa'n 2,36 meter tsjûk. De east- en de westmuorre, dy't fanwege ekstra stipe yn [[1599]] tichtmitsele binne, mjitte 60 sintimeter. De toer soe eins sa'n 120 meter heech wurde. It foarbyld wie de [[Us Leave Frouwetsjerke]] te [[Freiburg yn Breisgau]] yn it [[Swarte Wâld]].
 
== Literatuer ==
* De Boumaster fan de Aldehou, histoaryske roman, [[Douwe Tamminga]], [[1985]]
 
Rigel 56:
[[nl:Oldehove (gebouw)]]
[[ru:Олдехове]]
[[stq:Ooldehou]]