Henri Matisse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
Rigel 7:
 
== It skilderjen ==
Matisse begjint printen te kopiearen en op oanrieden fan de tapytfabryksdirekteur dêr't hy syn sikehûskeamer mei dield, naam hy lessen oan in skoalle foar tekstylûntwerpers yn Saint-Quentin. Yn 1892 gie hy nei Parys wêr't hy nei in akademy gie, de akademy Julian. Jûns skildert hy yn it [[Louvre]] skilderijen nei fan de âlde masters lykas [[Raphael]], [[Chardi]] en [[Poussin]]. Ek probearret hy talitten te wurden op de Ecole de Beaux-Arts. Mar dit gie mis, neffens de skoalle hie hy in gebrek oan talint. Wol mocht hy yn it atelier fan Gustave Moreau yn Parys wurkje. Dêr moete hy ûnder oaren Marquet en Renault. Troch kennis te meitsje mei de skilder en samler [[John Russel]] leart hy it wurk fan de ympresjonisten en it neo-ympresjonisme. Yn it begjin fertoane syn skilderijen donkere kleuren. Mar syn doeken kleurje hieltyd better. Dit neidat hy it wurk fan [[Vincent fanvan Gogh]] en [[Cammile Pissarro]] sjoen hat. Hy komt ek yn de kunde mei [[Georges Roualt]], [[Charles Comoin]], [[Henri Manguin]] en mei de [[Belgje|Belch]] [[Henri Evenpoel]]. Dizze lêste soe tegearre mei Matisse in grut oanhinger wurde fan it Fauvisme.
 
Yn [[1896]] debutearre Henri Matisse op de salon de la Societe Nationale des Beaux Arts. Fan de fjouwer wurken wurde der twa ferkocht. Matisse wurdt ek lid fan de Salon. Hjirtroch kin hy yn de takomst eksposearje sûnder tuskenkomst fan in sjuery dy’t syn skilderijen ôfkarre kinne.
Yn 1898 trout Henri Matisse mei Amelie Parayee en troch har ynkomsten en troch it skilderjen fan de dekoraasjes oan it Grand Palais kin de keunstner de holle finansjeel boppe wetter hâlde. Matisse ferbliuwt koart yn Londen. Hy hat in soad ynteresse yn it wurk fan [[William Turner]]. Hjirnei leart hy de súdlike felle kleuren kennen op [[Korsika]]. Yn [[1899]] giet hy werom nei Parys. Hy giet wenjen yn in strjitte mei de namme Quai Sant Michel. Hy bliuwt dêr wenjen oant 1907.
Cezanne hie in grutte ynfloed op Matisse. Hy kocht in skilderij fan [[Cezanne]] foar 1300 frank. Troch it [[Ympresjonisme]] en Cezanne makke hy grutte tekeningen mei grutte kleurflakken. Matisse wie net allinnich dwaande mei kleuren. Hy fûn oare kultueren ek prachtich, foaral de moslem kultuer. Hy bestudearre de tapiten en wandkleden en miniatueren. Op de [[wrâldtentoanstelling]] fan 1900 ûntduts hy de weefsels fan de Kopten. Hy fûn it prachtich. Hy besocht alle tentoanstellingen dy’t er fine koe oer easterske keunst. Hy sei: “Yn de easterske keunst is de leechte tusken de blêden fan de beam like wichtich as de blêden sels”. Yn 1904 wie it einliks safier. Hy hie syn eigen solo tentoanstelling. Nei in koart ferbliuw by [[Paul Signac]] yn [[St. Tropes]] ferdjippe hy him koart yn it [[Pointillisme]]. Mar net foar lang.
 
== It Fauvisme ==