De Folgeren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje
Rigel 16:
De tramlinen út Grins (de lettere Philipsline) en Burgum wei kamen eartiids byelkoar yn De Folgeren, dêr't ek de lêste halte foar Drachten wie. De eardere spoarwei-oergong is no yn it plaveisel fan de dyk oanjûn en der binne fjouwer sabeare spoarbeammen neist de oergong set.
 
===[[Frijsteat Folgeren]]===
Yn 1963 fregen in tal bewenners mear omtinken en selstannigens foar harren plak fan de gemeente Smellingerlân troch in ludike aksje: it útroppen fan de ‘Frijsteat Folgeren’. Folle letter kaam der in selsmakke monument yn de foarm fan twa FF-en, dat in plakje krigen hat op de rotonde fan no (sjoch foto). Elts jier freget de âldjiersploeg 'Frijsteat Folgeren' mei in opfallende âldjiersstunt, dy’t meast ferwiisd en kommintaar jout op de lokale polityk en dy’t altyd omtinken kriget yn de pleatslike media, fannijs omtinken foar it buorskip. Sa hawwe der alris in wiere ‘sweeftrein’ en in ‘Starfighter’ yn de tún fan Vreewijk stien. Yn 2007 waard "It byld fan in swimmende walfisk" fan [[Anne Woudwijk]] by de pier fan [[Holwert]] wei ûntfierd nei De Folgeren.
 
== Oer de Folgersters ==