Fokko Ukena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fw
oanfolling
Rigel 1:
[[Ofbyld:Focko Ukena.png|thumb|200px|Ocko tom Brok as finzene foar Focko Ukena nei de Slacht op de Wylde Ikers.]]
'''Focko Ukena''' ([[1370]] ? -[[1435]]) wie in [[East-Fryslân|Eastfryske]] [[haadling]] dy’t in wichtige rol spile hat yn de striid tusken de [[Skieringers]] en [[Fetkeapers]] yn de provinsjes [[Grinslân]] en [[Fryslân]]. Dêrneist wie hy ien fan de liedende figueren yn it ferset tsjin it festigjen fan [[landhear|landhearlik]] gesach yn East-Fryslân troch it geslacht tom Broke.
 
Fokko Ukena stamme út in earm mar âld haadlingelaach út Neermoer of Edermoer yn Eastfryslân. De namme fan syn heit wie Uko en dêrom waard er Ukena neamd. syn mem wie Amke fan Lengen fan it laach [[Ripperda]]. Yn âlde kroniken wurdt er beskreaun as in yndrukwekkende ferskining (hy stekke mei de holle boppe it folk út), in berne oanfierder en lieder. Troch syn houlik mei Theda fan Reide koe der syn macht útwreidzje. Ut dat houwlik waarden twa jongens berne Uko Fokkena en Udo Fokkena twa dochters Amke en Bawe. Syn twadde houwlik wie mei Hidde fan Dykhúzen, dy't him Dykhúzen by Appingadam, Weiwerd, Wirdum en Oterdum oanbrocht. Ut dat twadde houlik krige hy ien bern, in famke Ulske.
 
Fjirtich jierren hat Fokko Ukena oanfierder west fan de Fryske fryheidstriders tusken Fly en Weser. Sa no en dan hied er de seerôvers fan de fryske kusten, de saneamde ‘likedielers’ (victaliebroeders), as bûnsmaten en focht er foar de Fryske ienheid tsjen allen en elkenien, soms mei de Tom Broecke en Fetkeapers, dan wer mei de Skieringers, meastentiids tsjin Hamburch, Oldenburch, Bremen, sa no en dan tsjin de stêd [[Grins]].
 
==Fryske frijheid==
Line 7 ⟶ 11:
Yn it East-Fryslân fan no besocht it geslacht tom Broke in lânseigen dynasty te festigjen. Yn wat tsjintwurdich de Nederlânske provinsje Fryslân is besochten de greven fan [[Hollân]] harren ynfloed út te wreidzjen. Ek de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] woe har macht hieltyd fierder útwreidzjen. Dêr trochhinne spile de striid tusken [[Skieringers en Fetkeapers]].
 
== Rol fan Ukena ==
Ukena wie ynearsten legeroanfierder fan [[Keno_tom_Broke|Keno tom Broke]]. As legeroanfierder fersloech hy yn [[1417]] [[Sicka Sjaerda]] by [[slach by Noardhorn|Noardhorn]] en oermastere hy yn [[1418]] [[Dokkum]]. Nei it weroverjen fan Dokkum troch de [[Skieringers]] lanne hy by
[[Hylpen]] en fersloech de Skieringers ([[Slach oan de Palesleat|oan de Palesleat]]).