Dokkumer Nije Silen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
koördinaten
letter mear
Rigel 1:
[[Ofbyld:DokkumerNijeSilen.jpg|thumb|right|300px200px|De Dokkumer Nije Silen, oanlein yn 1729, sjoen fan de westkant]]
[[Ofbyld:Gedenkteken2 Dokkumer Nieuwe Zijlen.jpg|thumb|Monumint ta oantins fan de bou yn 1729]]
De '''Dokkumer Nije Silen''' binne de silen dy't oanlein binne by it ôfsluten fan it [[Dokkumer Djip]], yn [[1729]]. Ek it buorskip dat by de Silen untstien is, hat dizze namme. Dit buorskip falt ûnder [[Ingwierrum]], yn de gemeente [[Dongeradiel]].
 
Plannen foar it damjen fan it Grutdjip wienen der al lang. De stoarmramp fan [[1719]] wie oanlieding dat der yn 1727 serieuze plannen makke waarden. De slûs en diken waarden nei in idee fan luitenant-kolonel Mellema troch wetterboukundige [[Willem Loré]] en arsjitekt Claes Balk útfierd. De nije silen makken de syl yn Dokkum, de Driesemersyl, de Aldwaldersyl en de Kollumersyl oerstallich. Teffens waard 1800 pûnsmiet nij lân wûn.
 
De Dokkumer Nije Silen bestiet út trije slúskolken. Twa derfan koene brúkt wurde foar it skutten fan skippen. De lêste waard allinnich brûkt foar it spuien fan wetter yn de [[Lauwerssee]]. It bourskip is útgroeit ta in fiskershaven fan grenaatfiskers kompleet mei in [[fiskôfslach]].
 
Yn [[1969]] waard de Lauwerssee ôfsletten, en is der oan de súdkant fan de Silen in nije slús byboud, de [[Willem Loréslús]]. De nije slús hat de funksje fan it skutten fan skippen oernaam. De no ''âlde silen'' wurde sûnt dy tiid allinnich noch brûkt foar it spuien fan wetter út de [[Fryske boezem]] yn de [[Lauwersmar]]. De fiskers en de fiskôfslach binne ferhúze nei [[Lauwerseach]].
 
== Literatuer==
* [[Wopke Eekhoff|W. Eekhoff]], ''Willem Loré, zijn voornaamste dijk- en waterwerken geschiedkundig beschreven''. Frjentsjer 1835.
* Wumkes I, 161, 170
* Rienks en Walther 106
 
{{Koördinaten|53_19_05_N_6_9_27_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 19' NB, 6° 9' KL}}