Dokkumer Nije Silen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
L [[]], neat oan de hân
Rigel 3:
De '''Dokkumer Nije Silen''' binne de silen dy't oanlein binne by it ôfsluten fan it [[Dokkumer Djip]], yn [[1729]]. Ek it buorskip dat by de Silen untstien is, hat dizze namme. Dit buorskip falt ûnder [[Ingwierrum]], yn de gemeente [[Dongeradiel]].
 
Plannen foar it damjen fan it Grutdjip wienen der al lang. De [[Krystfloed (1717)|stoarmramp fan 1717]] wie oanlieding dat der yn 1727 serieuze plannen makke waarden. De slûs en diken waarden nei in idee fan luitenant-kolonel Mellema troch wetterboukundige [[Willem Loré]] en arsjitekt Claes Balk útfierd. De nije silen makken de syl yn Dokkum, de [[Driesemersyl]], de Aldwaldersyl[[Aldwâldersyl]] en de [[Kollumersyl]] oerstallich. Teffens waard 1800 pûnsmiet nij lân wûn.
 
De Dokkumer Nije Silen bestiet út trije slúskolken. Twa derfan koene brúkt wurde foar it skutten fan skippen. De lêste waard allinnich brûkt foar it spuien fan wetter yn de [[Lauwerssee]]. It bourskip is útgroeit ta in fiskershaven fan grenaatfiskers kompleet mei in [[fiskôfslach]].