Hans de Jong: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling Mensenlinq
red
Rigel 1:
'''Hans de Jong''' ([[Koartsweagen]], [[3 maaie]] [[1921]] - [[De Gerdyk]], [[31 desimber]] [[2010]]) wie in Fryske [[waarman]]. Mei syn frou Anneke hie er twa dochters; Marita en Karin, dy't beiden yn 2000 ferstoar by in ferkearsûngelok.
 
De Jong wie ûnderwizer en begûn yn [[1960]] syn karriêre as waarman fan de [[Friese Koerier]], dy't letter opgie yn de [[Ljouwerter Krante]]. Al yn de oarlochsjierren sammelt hy waarynformaasje út syn belangstelling foar [[meteorology]] wei. Yn [[1949]] wurdt hy oansteld as reinwaarnimmer foar it [[Keninklik Nederlânsk Meteorologysk Ynstitút|KNMI]] en yn [[1960]] ferlit er it ûnderwiis. Hy waard lanlik bekend troch syn waarpraatsje foar de [[NCRV]] en de [[Wrâldomrop]]. Nei in waarrubryk yn ‘De Woudklank’ folgen al gau de blêden ‘Heerenveense Koerier’ en letter ‘De Waarheid’ en it ‘Vrije Volk’. Ek de ‘Leeuwarder Courant’, it ‘Friesch Dagblad’ en it deiblêd ‘Trouw’ (sûnt 1964) publisearren it waarberjocht fan Hans. Tegearre mei de yn [[1992]] ferstoarne waarman [[Jan Pelleboer]] lei hy de basis foar de populariseringpopularisearing fan de meteorology yn Nederlân en joech hy in grutte ympuls oan de [[amateurmeteorology]] yn Nederlân. De Jong wie yn [[1974]] tegearre mei Pelleboer ien fan de inisjatyfnimmers fan de [[Feriening foar Waarkunde en Klimatology]], de organisaasje fan waaramateurs.
 
Oant 2008 skreau er noch in histoaryske rubryk oer meteorology en de skiednis fan syn wenplak [[De Gordyk]] yn de Gerdykster streekkrante ''De Woudklank''. Syn argyf oer De Gerdyk foarme hjirfoar de basis.