Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jacob Cornelisz van Amsterdam.jpg|250px|thumb|Greve Edzard I om 1520/30 hinne.]]
'''Edzard I''' of '''Edzard de Grutte''' ([[Greetsiel]], jannewaris [[1462]] - [[Emden]], [[14 febrewaris]] [[1528]]), út it haadlingelaach [[Cirksena]], wie greve fan [[East-Fryslân]] fan [[1491]] oant syn dea yn 1528. Hy hat besocht nei de ein fan de Fryske frijheid safolle mooglik Fryske lannen ûnder syn gesach te bringen. Yn de Kanon fan de Fryske Skiednis wurdt er de ''Bouwer fan in Fryske steat'' neamd.
 
Doe't Edzard yn 1492 fan in [[pylger]]stocht weromkaam, regearre er East-Fryslân earst mei syn mem Thede. Nei't de mem yn 1494 stoar, regearre er mei syn, minder belangrike en minder ynfloed hawwende, broer Uko.