Olof van der Meulen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
mear
MeinRei (oerlis | bydragen)
+
Rigel 24:
'''Roelof Antonius ( Olof ) van der Meulen''' ( [[Snits]] [[8 novimber]] [[1968]] ) is in eardere [[Fryslân|Frysk]] [[follybal]]spiler en heart ta de gouden generaasje dy't yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996|1996]] Olympysk kampioen follybal waard yn [[Atlanta]]. Olof van der Meulen wie ien fan de spilers dy't meidie oan it [[Bankrasmodel]], dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.
 
Olof van der Meulen die twa kear mei oan de [[Olympyske Spullen]]. Yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1992|1992]] waard hy by de [[Olympyske Simmerspullen]] yn [[Barselona (stêd)|Barselona]] mei it Nederlânsk team twadde efter [[Brazylje]]. Fjouwer jier letter wie hy lid fan it Nederlânsk team dat goud ferovere yn Atlanta troch [[Itaalje]] yn de finale te ferslaan. Yn totaal hat Olof van der Meulen 261 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.<ref>[http://www.volleybal.nl/include/files//Bestanden/Oranje/InterlandoverzichtHerenSenioren2009.pdf] Ynterlannen oersjoch NeVeBo</ref>
 
Nei syn aktive karriêre as follyballer waard Olof van der Meulen follybaltrener. Hy hat ferskate follybalferienings treend, sa hat hy ek de Fryske follybalklup [[Follybalferiening Snits|VC Snits]] treend. Op [[16 jannewaris]] [[2005]] hat er de gouden bûnsspjelde fan de [[NeVeBo]] krigen út hannen fan syn âld-kollega [[Jan Posthuma]].<ref name=parool>[http://www.nu.nl/sport/469020/van-de-goor-en-van-der-meulen-onderscheiden.html] Van de Goor en Van der Meulen onderscheiden, nu.nl, 16 jannewaris 2005</ref>