Jan Marcus Posthuma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
L tf
MeinRei (oerlis | bydragen)
+
Rigel 24:
'''Jan Marcus Posthuma''' ( [[Dokkum]], [[11 juny]] [[1963]] ) is in eardere Fryske [[follybal]]international en heart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn [[Atlanta]]. Jan Posthuma wie ien fan de spilers dy't meidie oan it [[Bankrasmodel]], dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.
 
Jan Posthuma die trijeris mei oan de Olympyske Spullen. De earste Simmerspullen dêr't Posthuma oanmeidie wie yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1988|1988]] yn [[Seoel]]. Yn [[Súd-Korea]] waard it Nederlânsk follybalteam fiifde. Yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1992|1992]] waard hy by de Simmerspullen yn [[Barselona]] mei it Nederlânsk team twadde efter [[Brazylje]]. Fjouwer jier, yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996|1996]] letter wie hy lid fan it Nederlânsk team dat goud ferovere yn Atlanta troch [[Itaalje]] yn de finale te ferslaan. Yn totaal hat Jan Posthuma 352 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.<ref>[http://www.volleybal.nl/include/files//Bestanden/Oranje/InterlandoverzichtHerenSenioren2009.pdf] Ynterlannen oersjoch NeVeBo</ref>
 
Yn [[2008]] docht nei ûndersyk yn it sikehûs bliken dat Jan Posthuma [[Kanker|noaskanker]] hat. By syn earste frou hat Posthuma twa jonges, by de twadde frou hat er twa dochters.<ref>[[Ljouwerter Krante]] 31 desimber 2010, bylage "het beste", side 31. (Sjoen op 3 jannewaris 2011)</ref>
 
== Sjoch ek ==
* [[List fan Nederlânske follyballers]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
{{DEFAULTSORT:Posthuma, Jan}}