Fokko Ukena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red. en soks
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Focko Ukena.png|thumb|200px|Ocko tom Brok as finzene foar Focko Ukena nei de Slacht op de Wylde Ikers.]]
'''Focko Ukena''' ([[1370Neermoer]] [[1370]]? - [[Dykhûzen]] [[1435]]) wie in [[East-Fryslân|Eastfryske]] [[haadling]] dy’t in wichtige rol spile hat yn de striid tusken de [[Skieringers]] en [[Fetkeapers]] yn de provinsjes [[Grinslân]] en [[Fryslân]]. Dêrneist wie hy ien fan de liedende figueren yn it ferset tsjin it festigjen fan [[lânhear|lânhearlik]] gesach yntroch East-Fryslânde trochgeslachten it[[Tom geslachtBrok]] tomen Broke[[Cirksena]] yn East-Fryslân.
 
== Libbensrin ==
Fokko Ukena stamme út in earm mar âld haadlingelaach út Neermoer of Edermoer yn Eastfryslân. De namme fan syn heit wie Uko en dêrom waard er Ukena neamd. Syn mem wie Amke fan Lengen fan it laach [[Ripperda]]. Yn âlde kroniken wurdt er beskreaun as in yndrukwekkende ferskining (hy stekke mei de holle boppe it folk út), in berne oanfierder en lieder. Troch syn houlik mei Theda fan Reide koe der syn macht útwreidzje. Ut dat houwlik waarden twa jongens berne Uko Fokkena en Udo Fokkena twa dochters Amke en Bawe. Syn twadde houwlik wie mei Hidde fan Dykhúzen, dy't him Dykhúzen by Appingadam, Weiwerd, Wirdum en Oterdum oanbrocht. Ut dat twadde houlik krige hy ien bern, in famke Ulske.
 
Fjirtich jierren hat Fokko Ukena oanfierder west fan de Fryske fryheidstriders tusken Fly en Weser. Sa no en dan hied er de seerôvers fan de fryske kusten, de saneamde ‘[[likedielers]]’ (''victaliebroeders''), as bûnsmaten en focht er foar de Fryske ienheid tsjen allen en elkenien, soms mei de Tom Broecke en Fetkeapers, dan wer mei de Skieringers, meastentiids tsjin Hamburch, Oldenburch, Bremen, sa no en dan tsjin de stêd [[Grins]].
 
=== Fryske frijheid ===
Yn it noarden fan it tsjintwurdige Nederlân, rûchwei de hjoeddeiske provinsjes Grins en Fryslân, bestie yn de [[14e ieu]] feitlik gjin lânhearlik gesach. Dat gou ek foar it oanswettende East-Fryslân. Dat ûntbrekken fan in heger, sintraal gesach wurdt oantsjutten as it tiidrek fan de [[Fryske Frijheid]]. Dy frijheid waard fanút meardere kanten bedrige.