Sirksena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red + oanfolle mei ynformaasje fan nl
fw's
Rigel 1:
'''Cirksena''' is in famyljenamme fan East-Fryske [[greve|greven]] dy't sûnt [[1684]] ryksfoarsten hieten. It laach kaam oarspronklik út [[Greetsyl]] en leden hjirfan hawwe in grutte rol spile yn de [[Fryske skiednis]] en benammen dy fan [[East-Fryslân]]. De Cirksena's brochten it ta greve, letter ryksfoarst yn it Hillige Roomske Ryk. Harren stribjen om alle Fryslannen ûnder ien bewâld te bringen wie úteinlik te heech grepen. De Cirksena's makken in ein oan de macht fan [[FockoFokko Ukena]] en hienen ûnder [[Edzard I|Edzard de Grutte]] (1466 - 1528) de measte macht. Yn de tiid fan de [[Reformaasje]] waard East-Fryslân in flechthaven foar in soad ynwenners fan de Nederlannen. Yn [[1744]] stoar it geslacht út.
 
== Skiednis ==
Rigel 6:
Foar sommige haadlingen hâlde de hoarizon net op byt de grinzen fan it doarp. Troch [[houlik]] en en machtsfertoan koe in gruttere machtsbasis. It earste laach dat oanspraak meitsje koe op allinnich-hearskippij yn hiel East-Fryslân wie it geslacht [[Tom Brok]]. Lykwols rûnen de aspiraasjes fan dizze famylje stikken op it ferset fan [[Fokko Ukena]] in oare haadling, dy't sels ek oer besittings yn East-Fryslân besikte en stipe koe op steun yn de Ommelannen. Ukena op syn beurt rûn fêst op in ferbûn fan haadlingen ûnder leiding fan [[Edzard Cirksena]]. Cirksena waard ferfolgens troch de stêd [[Hamburch]] it bestjoer fan de stêd [[Emden]] jûn, in stêd y't oant dan, [[1439]] feitlik in Hamburchs protektoraat wie. De famylje Cirksena soe Emden oant 1595 behearske.
 
It oarspronklike geslacht Cirsena, ôfkomstich út [[Berum]] wie doe yn de manlike liny al útstoarn. Edzard wie troud mei in dochter út dat laach, ek de twadde frou fan syn heit wie in dochter út it oarspronklike laach. Sawol Edzard as syn hearbroer [[UlrichUlrik I fan East-FryslânCirksena|Ulrich]] nommen de namme Cirksena oan. Nei it bernleas ferstoarn fan Edzard erft Ulrich alle famyljebesittings, dy't hy troch twa geunstige houliken noch fierder wit út te wreidzjen. Ulrich wurdt yn [[1464]] troch [[Frederik III fan it Hillige Roomske Ryk|keizer Frederik III]] yn de grevestân ferheft.
 
It wichtichste lid út it hûs Cirksena is [[Edzard I fan East-Fryslân|Edzard de Grutte]] (1462–1528). Under syn bewâld krige it greefskip syn grutste omfang. Edzard wist sels tydlik de Ommelannen en de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] te behearsken, hy stribbe nei hearskippij oer alle Fryslannen, mar rûn lang om let stikken op de posysje fan ynearsten de [[George fan Saksen (1471-1539)|hartoch fan Saksen]] en letter [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|keizer Karel V]] sels, dy't as hear fan alle Nederlannen gjin partij foar Edzard wie. .
 
Yn 1654 wurdt regearjend Cirksena [[Enno Loadewyk fan East-Fryslân|Enno Loadewyk]] troch de keizer yn de foarstenstân ferheft. De lêste manlike neisiet fan Ulrich I, [[Karel Edzard fan East-Fryslân|Karel Edzard]] stoar yn de nacht fan 25 op 26 maaie [[1744]]. It greefskip wurdt ferfolgens yn besit naam troch [[Frederik II fan Prusen|Frederik de Grutte]].