Wikipedy oerlis:Kandidaatsiden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 12:
:Ik sit mear te tinken oan 2 op 1 , dus twa stimmen foar mear nedich op 1 stim tsjin sa ha je dus bygelyks 3 stimmen foar nedich om foar it predikaat topside yn oanmerking te kommen. En by twa tsjinstimmen ha je dus 6 stimmen foar nedich om der foar yn oanmerking te kommen. [[Meidogger:Wikiice|Wikiice]] 5 jan 2011, 13.20 (CET)
::Ik tink dat it foarstel fan Wikiice te dreech is op it stuit. Wy binne mei te min meidoggers om it sa te dwaan tink ik. Ik soe ek sizze in stik as trije stimmen. Litte wy it dan op fiif hâlde. Ik tink dat op it stuit der trije foar binne en twa tsjin, en de meidoggers dy't tsjin stimme goeie redenen dêrfoar hawwe elkenien dat hjir akseptearje kin. Neffens my is de sfear op ús Wikipedy sa goed dat der begrip is foar in oar syn miening en dat dy ek respektearre wurdt. Ik haw yn elts gefal it tiidrek fan twa wike oanhulden. [[Meidogger:J'88|J'88]] 5 jan 2011, 21.14 (CET)
 
== Topsiden en side fan wike 2011 ==
 
Einliks rinne we no al efter de feiten oan. Wylst wy dwaande binne mei it besprekke fan ien of twa topsiden sitte wy alwer healwei wike 1 en wike 2 sit der oan te komme. De [[Wikipedy:Haadside-ynfo/Side fan de wike 2011|side fan de wike 2011]] hawwe al mei de haadside ferbûn en oant en mei wike 51 binne alle wiken al artikels. Kinne wy net better earst ús enerzjy dêroan bestede. Lit ús dizze list earst ris del rinne. Hawwe wy wol de goeie artikels selekteare. Sitte der wol genôch siden by dy't wat mei Fryslân of de Fryske kultuer te krijen hawwe. Is de ferhâlding 1:3 goed of moatte der just mear Fryske siden komme? --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] 5 jan 2011, 22.01 (CET)
Werom nei de projektside "Kandidaatsiden".