Minne Simens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Karel V - Verwijzing(en) gewijzigd naar Karel V fan it Hillige Roomske Ryk
tf
Rigel 6:
Menno Simons waard berne te [[Wytmarsum]]. Syn krekte bertedatum is net bekend, lykas der oer syn jongesjierren ek gjin ynformaasje bewarre bleaun is. Hy waard yn [[1524]] yn it Aartsbisdom Utert ta pryster wije en nei syn oplieding wie [[Penjum]] syn earste parochy.
 
Al yn syn begjinjierren as pryster hie Menno Simons twifels oer de wize, dêr't de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] op omgie mei de [[sakraminten]]. Doe't er hearde dat [[Sicke FreerksFrearks]] op [[20 maart]] [[1531]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] eksekutearre waard, omdat er him op 'e nij dope litten hie, naam dy twifel allinne noch mar ta. Hy sympatisearre earstoan mei [[Maarten Luther]], dêrnei waard hy mear oanlutsen troch de ideeën fan [[Huldrych Zwingli]] en om-ende-by [[1531]] rekke yn ûnder de yndruk fan de út Switserlân stamjende Doopsgesinden.
 
Yn dyselde tiid kaam er werom nei syn bertedoarp Wytmarsum, om dêr it prysterskip op him te nimmen. Yn de jierrechjierren '34-36 preke hy fûl tsjin de militante praktiken fan [[Jan van Leiden]] en [[Jan van Batenburg]], mar yn [[1535]] lit er him lykwols op 'e nij dopen (''werdopen''; hy wie nammentlik as bern yn de katolike Tsjerke dope) en it soe noch oant jannewaris [[1536]] duorje eart Simons folslein brekt mei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] en [[Doopsgesinden|doopsgesind]] waard. Hjir gie oan foarôf it belis fan it Oldeekleaster tichtby Boalsert, dêr't in opjeie groep dopers harren ferskûle hienen. De ynname fan it kleaster in wike letter troch de steedhâlder fan Fryslân liede ta in moarderij, dêr't ek in broer fan Menno ien fan de sneuvelen by wie. Wa finzen nommen wie, waard letter yn Ljouwert terjochtstelt en fermoarde. Op [[12 jannewaris]] [[1536]] jout Menno Simons syn amt op fan pastoar en lutst fuort nei Grins, dêr't de ferfolging fan Doopsgesinden minder strang is. Hy hâlde him in jier dêr ferskûle om it lot fan Sicke Freerks en oare ûngelokkige tiidgenoaten te ûntrinnen.
 
Yn [[1537]] waard Simons tsjerklik lieder fan de Baptisten yn Nederlân. Hy wenne nei alle gedachten in grut part fan de tiid yn [[Grinslân]], dêr't er yn [[Grins (stêd)|Grins]] in Menniste gemeente foargie en dêr't er ek troude. Hy reizge folle, nei [[Fryslân]], en nei [[East-Fryslân]], en fierder nei it easten. Mar hy wie nearne lang feilich, en yn [[1542]] loofde [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] 100 gûne út foar syn oanhâlding.