Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Literateur: oanfolling
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Houlik: oanfolling fan inghist.nl
Rigel 7:
Sy boaske op [[24 april]] [[1709]] yn Kassel mei [[Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz|Johan Willem Friso]] (1687–1711) foarst fan Nassau-Dietz, sûnt 1702 ek foarst fan Oranje en [[steedhâlder]] fan Fryslân en Grinslân.
=== Houlik ===
Har heit stie goed bekend yn de Republyk: hy wie in wurdearre bûnsmaat yn de anti-Frânske koalysje, syn soannen wienen yn Steatske tsjinst en hy wie in okmesizzer fan Frederik I, de protestantse kening fan Pruisen. Dit alles makke dat de mem fan de Fryske steedhâlder Johan Willem Friso, Henriette Amalia, yn de dochters fan Carl geskikte houlikskandidaten seach foar har soan.
Nei feskate moetings mei [[Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz]] besluet it pear te trouwen. Nei't skynt wie it by de earste moeting al echte leafde. Johan Willem Friso reizge yn [[1709]] nei KasseltaKassel ta om dêr syn glorieuze yntocht te dwaan. Mar hy hat pech, midden yn de stêd brekt in tsjil fan syn wein, sadat hy net fol pracht en preal by syn breid foarride kin, mar rinnede nei it paleis ta moat. Op [[26 april]] 1709 is yn [[Kassel (Dútslân)|Kassel]] it houlik. In moanne nei de brulloft set har man ôf nei syn legerûnderdiel fan it Nederlânsk-Ingelske, dat belutsen wie yn de Spaanske Suksesjeoarloch. Maria Louise bleau by har âlden yn Kassel efter en pas yn jannewaris 1710 folge se har man nei Ljouwert, dêr't se plechtich ynhelle waard.It pear set har ta wenjen yn it steedhâlderlik Hof fan Ljouwert. Har man is net folle thús meidat hy troch oarloch op it slachfjild wêze moat.
 
Har man wie sûnt 1702 ferwikkele yn in dispút oer it testamint fan de yn dat jier sûnder bern ferstoarne stedhâlder-kening Willem III, dy't him ta universeel erfgenamt beneamd hie. Dit testamint wie daliks oanfochten troch - ûnder oaren – de Pruissske kening Frederik I, in neef fan Willem III. Nei jierren fan ûnderhanneljen like yn 1711 in oplossing foar de kwestje yn sicht te wêzen – as Johan Willem Friso ûnderweis giet foar de lêste ûnderhannelinegn mei Frederik I sels. Op [[14 july]] [[1711]] komt hy oan by [[Moerdijk (doarp)|Moerdijk]]. Hy wol oerstekke nei De Haach, om dêr de erfenis fan syn fiere neef, [[Willem III fan Oranje|Kening-steedhâlder Willem III]] te regeljen. Mar de boat slaat troch in wynpûst yn it seil om en Johan Willem Friso ferdrinkt. Nei in houlik fan amper twa jier wie Maria Louise al widdoe. Ut dit koarte houlik wie dochs noch ien bern berne:
It pear set har ta wenjen yn it steedhâlderlik Hof fan Ljouwert. Har man is net folle thús meidat hy troch oarloch op it slachfjild wêze moat.
 
Op [[14 july]] [[1711]] komt harman oan by [[Moerdijk (doarp)|Moerdijk]]. Hy wol oerstekke nei De Haach, om dêr de erfenis fan syn fiere neef, [[Willem III fan Oranje|Kening-steedhâlder Willem III]] te regeljen. Mar de boat slaat troch in wynpûst yn it seil om en Johan Willem Friso ferdrinkt. Ut dit koarte houlik wie dochs nich ien bern berne:
* [[Amalie fan Nassau-Dietz (1710-1777)|Anna Charlotte ''Amalia'']] (1710-1777), troud mei [[Frederik fan Baden-Durlach]] (1703-1732). Anna Charlotte waard letter dwylsinnich.
 
== Regintesse (1711-1731) ==
[[Ofbyld:MarijkeMeumetKinderen.jpg|thumb|200px|left|''Maria Louise mei har twa bern ± 1725'']]