Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Middelbere leeftiid: Hernhutters boarne inghis
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Regintesse (1759-1765): oanfolling inghis
Rigel 26:
 
== Regintesse (1759-1765) ==
Yn oktober 1750 kaam se foar it lêst by har soan op [[Paleis It Loo|paleis it Loo]]. Doe't Willem IV yn 1751 ferstoar, wie syn soan [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] noch mar trije jier âld. Ek Willem V syn suske Carolina wie doe noch minderjierrich. De mear as santichjierrige Marijke Muoi naam it regintskip oer fan har skoandochter, [[Anna fan Hannover]], dy't yn [[1759]] ferstoar. Har gesondheid wie yn dizze jierren al lange tiid swak. Hja moast yn dit twadde regintskip gearwurkje mei de [[Loadewyk Ernst fan Brunswyk-Lüneburg-Bevern|hartoch fan Brunswyk]], dy't as foud oer har beppesizzers oansteld wie. Dit regintskip late ta konflikten mei har beppesizzer Carolina, dy't in oandiel yn de foudijskip fan har broer wold hie. Meardere kearen reizge se fan Ljouwert nei De Haach om op te kommen foar de belangen fan har neiteam. Doe't Willem yn 1765 santjin jier waard, besocht de anti-Brunswykgroep yn Fryslân om de jonge prins folwoeksen te ferklearjen en him ta steedhâlder te ferheffen. Maria Loouise hat grif net begreopen dat dizze aksje rjochte wie tsjin Brunswijk, want se beskôge it foarstel as in mkoasje fan wantrouwen tsjin harsels. Nei har fûle reaksje waard it foarstel ynlutsen.
Marijke Meu naam it regintskip oer fan har skoandochter, [[Anna fan Hannover]], dy't yn [[1759]] ferstoar. Har gesondheid wie yn dizze jierren al lange tiid swak. Zij moast yn dit twadde regintskip gearwurkje mei de [[Loadewyk Ernst fan Brunswyk-Lüneburg-Bevern|hartoch fan Brunswyk]], dy't as foud oer har beppesizzers oansteld wie. Meardere kearen reizge se fan Ljouwert nei De Haach om op te kommen foar de belangen fan har neiteam. Een lichte beroerte makke dat se de macht oer har rjochterhân ferlear.
 
In lichte beroerte makke dat se de macht oer har rjochterhân ferlear. Op [[Palmsnein|palmpeaske]] 1765 wie se noch oanwêzich yn de [[Grutte of Jacobinertsjerke|Grutte Tsjerke]] fan Ljouwert, wêrnei't se by it ferlitten fan de tsjerke safolle mooglik tsjerkegongers mei neidruk goedendei knikt. Op peaskesneon waard de âlde Marie Louise siik. Se woe net hawwe dat har sykte útlekte, omdat dan Peaske foar de minsken bedoarn wêze soe. Op twadde peaskedei, [[9 april]] 1765 sliepte se wurch yn. Se wie 77 jier oud. Inkele wiken letter waard se bysetten yn de boppegrûnske kapel fan de [[Grêfkelder fan de Fryske Nassau's]] yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert, 54 jier neidat har man ferstoan wie. Omdat hja yn [[Fryslân]] tige populêr wie, waard se troch de befolking ek wol 'Muoi' of 'Meu'. neamd.
 
Omdat hja yn [[Fryslân]] tige populêr wie, waard se troch de befolking ek wol 'Muoi' of 'Meu' neamd. Biografen en historisy beskriuwe har as godfruchtich en beskieden, en har optreden as ienfâldich en ynnimmend, mar fêsthâldend wat de steedhâlderlike ambysjes fan de fryske Nassaus oanbelange. Der binne ferskate biografyen en wiidweidige biografyske artikels oan har wijd. Yn 1970 ferwurke [[Dieuwke Winsemius]] har libben sels ta in roman.
 
== Houlik en bern ==