Boris Karloff: ferskil tusken ferzjes

L
wurdkar
L (r2.7.1) (Bot - derby: ca:Boris Karloff)
L (wurdkar)
Pratt hie [[diplomaat]] wurde sillen en hat yn [[Londen]] studearre. Hy emigrearre lykwols yn [[1909]] nei [[Kanada]] en socht ûnder de namme Boris Karloff oansluting by in teaterselsskip. Sy trokken tsien jier troch de [[Feriene Steaten]] oant Karloff yn [[Hollywood]] telâne kaam. Hy hie op dat stuit gjin bekendheid en gjin jild. Hy spile dêrnei yn 80 (meast [[stomme film|stomme]]) films oant er yn [[1931]] ''cast'' waard foar de rol fan mûnster yn de film [[Frankenstein (1931)|Frankenstein]]. Karloff soe dy rol, mei de bekende bouten yn syn hals, noch twaris spylje yn de 'Breid fan Frankenstein' en de 'Soan fan Frankenstein', en om dizze rol bleau er de minsken it meast by, mar Karloff hat tal fan oare rollen yn films en teaterstikken fertolke.
 
Yn tsjinstelling ta it byld fan aakliksma wie Karloff in minlik minske dy't fanmâl mei bern hâldewie en graach foar harren de [[Krystman]] spile. Ek brocht er ferskate opnames fan berneferhalen (foar radio) út. In sosjabel man mei in protte freonen, ek bûten syn fakwrâld.
 
== Literatuer ==