Sirksena: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Skiednis: red |
→Skiednis: ien kear te folle |
||
Rigel 3:
== Skiednis ==
De Cirksena's wienen ynearsten ien fan de protte [[haadling]]slagen yn [[East-Fryslân]]. Likegoed as yn de Grinslanner [[ Ommelannen]] en [[Westerlauwersk Fryslân]] kende East-Fryslân yn de [[Midsieuwen]] gjin [[lânhear]] mei genôch gesach. It ûntbrekken fan in effektyf bewâld yn dizze omkriten stiet ek bekend as de [[Fryske frijheid]]. Sûnder inkele foarm fan sintraal gesach koe bestjoer allinnich mar op beheind lokaal nivo plak fine. Dêrby hienen yn earste ynstânsje alle frije [[Agrariër|boeren]] part yn it bestjoer, mar yn de rin fan de tiid wisten de rikere
Foar sommige haadlingen hâlde de hoarizon net op by de grinzen fan it doarp. Troch [[houlik]] en machtsfertoan koe in gruttere machtsbasis berikt wurde. It earste laach dat oanspraak meitsje koe op allinnich-hearskippij yn hiel East-Fryslân wie it geslacht [[Tom Brok]]. Lykwols rûnen de aspiraasjes fan dizze famylje stikken op it ferset fan [[Fokko Ukena]], in oare haadling dy't sels ek oer besittings yn East-Fryslân beskikte en stipe koe op steun yn de Ommelannen. Ukena op syn beurt rûn fêst op in ferbûn fan haadlingen ûnder leiding fan [[Edzard I Cirksena]]. Cirksena waard ferfolgens troch de stêd [[Hamburch]] it bestjoer fan de stêd [[Emden]] jûn, in stêd dy't oant dan, [[1439]] feitlik in Hamburchs protektoraat wie. De famylje Cirksena soe Emden oant 1595 behearske.
|