Edzard de Grutte fan Eastfryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 9:
Doe't syn macht tusken Iems en Wezer ien kear wis wie, hie Edzard ek de ambysje om yn westlike rjochting te ekspandearjen. Dêrby tocht er yn earste ynstânsje oan de [[Lauwers]] as westlike grins. Hy slagge deryn dat de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] him yn [[1506]] as hear erkende en waard steedhâlder fan de [[Ommelannen]]. Formeel oefene hy dizze lêste funksje út foar de hartoch fan Saksen, mar yn de praktyk koe er dêr syn eigen gong gean. Yn [[Westerlauwersk Fryslân]] hie er ûnderwilens ek oanhingers krigen. De Saksyske bestjoerders, dy't feitlik út namme fan it [[Hillige Roomske Ryk]] it bewâld hiene, waarden stadich oan benaud foar Edzard syn macht. Dat die benammen bliken doe't der yn 1512 twa Fryske eallju ûnthalze wurde op fertinking fan kontakten mei Edzard.
 
t
=== It Saksyske Skeel ===
Doe't de hartoch [[George fan Saksen]] troch Keizer [[Maksimiliaan I]] yn 1514 beneamd waard ta steedhâlder fan alle Fryske lannen, waard dat troch de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] wegere. Greve Edzard seach dat foarfal as in mooglikheid om de stêd Grins en de Ommelannen foarfêst ûnder syn gesach te bringen en wurp him op as beskermhear fan de stêd Grins. Yn [[Aduard]] falle de Friezen ûnder syn lieding in Saksysk leger oan, hokker foarfal de oanrin wêze soe ta it [[Saksyske Skeel]], de oarloch tsjin yn earste ynstânsje de hartoggen fan Saksen en doe't dy harren oanspraken opjoegen de kening fan it Hillige Roomske Ryk [[Karel V]].
[[Ofbyld:Count of ost friesland copy.jpg|thumb|Skildering fan Edzard de Grutte út de 18e ieu.]]
Yn 1514 setten 24 hartoggen en greven fan it Hillige Roomske Ryk mei in grut leger nei Fryslân. De strideraasjes dy't yn it tiidrek 1514-1517 folgen, binne ûnderdiel fan it Saksyske Skeel. Earst besykje se mei sa'n 20.000 man de stêd [[Lier (stêd)|Lier]] te feroverjen. Troch ien kannonskot waard de oanfierder fan dat leger deade en lutsen har dêrtroch werom út de striid. Dêrnei folgen yn 1514 allinnich mar ferliezen foar Edzard. Yn dat jier wurdt Auwerk oanfallen, troch striid en brânstifting stiet hast gjin bouwurk mear oerein. De measte ferdigeningswurken en boargen yn East-Fryslân wurde troch it leger fan it Hillige Roomske Ryk oermastere. De [[Slach by Appingedam|fal fan Appingedam]], dêr’t hûnderten boargers by fermoarde waarden, betsjutte de ein fan syn hearskippij oer de Ommelannen.
 
Yn 1515 slacht Edzard de Grutte tebek en feroveret East-Fryslân foar in grut part werom. [[George fan Saksen]] ferlear dêrtroch syn macht yn de Fryske lannen en ferkeapet syn oanspraken op Grinslân en Fryslân oan keizer Karel V. Dêrmei einige de [[Saksentiid]] yn Westerlauwersk Fryslân en de Grinzer Ommelannen. It Saksyske Skeel kaam yn desimber 1517 mei in fredesferklearring ta in ein.
 
=== De Reformaasje ===