Balthasar Bekker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: da:Balthasar Bekker
L →‎Libbensrin: S ---> s
Rigel 5:
 
== Libbensrin ==
Balthasar Bekker wie de soan fan in út [[Bielefeld]] kommende predikant. (Henricus Bekker, stie fan 1633-1646 yn Mitselwier-Nijewier.) Hy studearre yn [[Grins (stêd)|Grins]] by de ferneamde heechlearaar Easterske talen [[Jacob Alting]] en yn [[Frjentsjer]]. Nei twa jier koe hy ta syn freugde de funksje as rektor fan de [[Latynske Skoalleskoalle]] opjaan, doe't hy beroppen waard nei [[Easterlittens]] ([[1657]]). Nij wie dêr dat hy op snein preke. Hy promovearre yn [[1665]] yn de teology en skreau ferskate [[kategeze|kategesaasjeboekjes]]. Yn [[1666]] waard hy beroppen nei Frjentsjer.
 
Bekker wie in oanhinger fan [[René Descartes]] en begûn oan alles te twifeljen. Hy leaude net yn sielsferhuzing en wie it net iens mei [[Tomas fan Akwino]], dy't it leauwen yn oare geasten, ôfsjoen fan de Skrift, ek reedlik fûn. Ek [[Aristoteles]] hie net syn foarkar as wiisgear. Der ûntstie yn [[1670]] in heftige strideraasje nei oanlieding fan syn ''De Vaste Spijse der Volmaakten'', dat "... sels 'lands regering het nodig achtte zich ermee te bemoeien". Yn [[1672]] waard hy troch de Synoade fan [[Sosinianisme]] frijsprutsen.