Francis Drake: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: nl:Francis Drake
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Francis Drake by Henry Bone.jpg|thumb|''Francis Drake (Henry Bone)'']]
Sir '''Francis Drake''', ([[Tavistock]] ([[Devon]], [[Ingelân]]), ± [[1540]] - [[Portobelo]] ([[Panama (lân)|Panama]]), [[28 jannewaris]] [[1596]]), wie in Ingelske seefarder.
Drake wie de twadde seefarder dy't tusken 1577 en 1580 om de ierde sylde. De earste seeman dy't soks die wie de [[Portegal|Portegeeske]] seefarder [[Fernão de Magãlhaes]] ± 1520.
 
Francis Drake en [[Walter Raleigh]] brûkten piraterij as middel om de skatten fan de Spanjerts en Portegezen yn hannen te krijen. Dizze seelju oerfoelen tsientallen skippen en nommen alles fan wearde yn beslach: goud, kakao, jirpels en tomaten. Yn it thúslân waarden de piraten as helden ûntfongen.
 
Drake farde yn opdracht fan keninginne Elisabeth I tsjin de Spanjerts. Yn 1585 en 1586 plondere Francis Drake de Spaanske besittings op de Kaapverdyske Eilannen en West-Ynje. In jier letter ferbaarnde hy in diel fan de Spaanske fleat yn Cadiz. Yn 1588 wie Drake as fise-admiraal belutsen by de ferneatiging fan de [[Spaanske Armada]] foar de kust fan de [[Grevelingen]].
 
Francis Drake brocht de [[jirpel]] nei Europa en makke de Europeanen ek bekend mei it smoken fan [[tabak]].
Meidat er in soad feroveringstochten makke en troch syn súksessen yn oarlochsfiering op see wie Francis Drake belangryk foar Ingelân as grûnlizzer fan de Britske wrâldhearskippij. As dank hjirfoar waard hy yn [[1580]] yn de adelstân ferheft.
Drake stoar yn jannewaris 1596 oan [[dysentery]], nei in mislearre oanfal op San Juan, Puerto Rico.
 
Nei Francis Drake is [[Drake's Island]] neamd, it eilân fdatdat it fertrekbegjin- en einpunt wie fan syn reis om de wrâld. It leit yn de Plymouth Sound, de natuerlijke haven fan de Ingelske stêd [[Plymouth (ingelân)|Plymouth]].
{{Commonscat|Francis Drake}}