Fédération Internationale de Volleyball: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
skiednis fan en:
Rigel 3:
 
== Skiednis ==
De FIVB is yn [[1947]] oprjochte yn [[Parys]], [[Frankryk]]. Foar de oprjochting fan de FIVB kaam der by ferskate Europeeske follybalbûnen it idee dat der ek in ynternasjonale oerkoepeljende federaasje komme moast foar de sport follybal. Troch de earste diskusjes dêroer waard der yn 1947 in Kongres hâlden. Fjirtjin nasjonale bûnen fertsjinwurdigen de fiif ferskate kontininten dy't oanwêzich wiene by dy gearkomsten. Ut dy gearkomsten waard de FIVB oprjochte mei de [[Frankryk|Frânsman]] Paul Libaud as earste presidint.
 
Ien fan de wichtichste doelstellings fan it Kongres yn 1947 waard twa jier letter helle mei de oprjochting fan it earste grutte ynternasjonale follybal evenemint, it [[Wrâldkampioenskip follybal|Wrâldkampioenskip]]. De earste edysje wie allinne noch foar manlju, mar yn [[1952]] kaam der ek in edysje foar de froulju.
 
Yn [[1964]] stimde it [[Ynternasjonaal Olympysk Kommitee]] yn mei de taheakking fan it [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen|follybal]] ta it [[Olympyske Spullen|Olympysk]] program. Tsjin dy tiid wie it tal oansletten nasjonale bûnen útgroeid ta 89. Letter, yn [[1969]], waard der in nij ynternasjonaal evenemint ynfierd: de [[World Cup follybal|World Cup]], dat yn [[1991]] omset wurde soe yn in kwalifikaasjewedstriid foar de Olympyske Spullen.
 
Nei't de hear Libaud mei pensioen gie waard de [[Meksiko|Meksikaan]] Rubén Acosta Hernandez keazen ta nije presidint fan de FIVB. It haadkantoar waard doe ferpleatst fan [[Parys]] nei [[Lausanne]] yn [[Switserlân]]. De FIVB woe doe dat it ynternasjonale follybal op in noch heger nivo komme soe, dat woe de FIVB berikke troch it ynstellen fan eveneminten dy't alle jierren hâlden wurde soene. Foar de manlju waard dat yn [[1990]] de [[World League follybal|World League]] en foar de froulju waard dat yn [[1993]] de [[World Grand Prix follybal|World Grand Prix]]. Ek waard it [[strânfollybal]] yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1996/Strânfollybal|1996]] akseptearre as Olympyske sport. Dêrnêst makke de FIVB guon wizigings yn de spulregels fan it follybal om de sport wat moaier te meitsjen foar it publyk.
 
Yn [[2010]] binne der 220 nasjonale bûnen oansletten by de FIVB.
 
== Kompetysjes ==
== Keppeling om utens ==
*[http://www.fivb.org/ Hiemside FIVB]