Fédération Internationale de Volleyball: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
skiednis fan en:
MeinRei (oerlis | bydragen)
klear: fan en:
Rigel 1:
{{wurk}}
De '''Fédération Internationale de Volleyball (FIVB)''' is it ynternasjonale bestjoersorgaan foar de sport [[follybal]]. It [[Haadkertier|haadkantoar]] fan de FIVB is yn [[Lausanne]], [[Switserlân]].
 
Line 13 ⟶ 12:
Yn [[2010]] binne der 220 nasjonale bûnen oansletten by de FIVB.
 
== KompetysjesAktiviteiten ==
=== Kompetysjes ===
De wichtichste aktiviteit fan de FIVB is in mondiale planning en organisaasje fan follybal eveneminten, soms yn kombinaasje mei oare ynternasjonale bestjoersorganen lykas it YOK. De FIVB hâldt him dan ûnder oare dwaande mei de kwalifikaasje, de formules foar de toernoaien, de opstellings fan ploegen en de lokaasjes. De FIVB organisearret ûnder oare de folgjende ynternasjonale follybal toernoaien:
* [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen|Olympyske Spullen]]
* [[Wrâldkampioenskip follybal|Wrâldkampioenskip]]
* [[World Cup follybal|World Cup]]
* [[World Grand Champions Cup follybal|World Grand Champions Cup]]
* [[World League follybal|World League (Manlju)]]
* [[World Grand Prix follybal|World Grand Prix Froulju)]]
* [[Wrâldkampioenskip follybal klups]]
* [[Swatch FIVB World Tour|Swatch World Tour (Strânfollybal)]]
* [[Wrâldkampioenskip strânfollybal]]
 
Neist de toernoaien foar senioaren organisearret de FIVB ek wrâldkampioenskippen foar jongerein. Ek is de FIVB ferantwurdlik foar follybal op regionale toernoaien lykas op de Aazje Spullen en op de Pan-Amerikaanske Spullen.
 
=== Oar ===
In oar punt fan soarch foar de FIVB is de promoasje fan de sport follybal op de wrâld. In part fan de aktiviteiten fan de FIVB op dat mêd bestiet út it oanlûken fan mediapartners en sponsors troch it ûnderhanneljen yn útstjoerrjochten en it beriken fan grutte eveneminten.
 
De FIVB ûnderhâldt ek wiidweidige spesjale programma's dy't rjochte binne op de opmars fan it follybal op de wrâld. Dat docht de FIVB troch it opsetten fan sintra's yn gebieten dêr't it follybal noch net sa populêr is. Ek wurdt der stipe jûn oan organisaasjes dy't noch net oan de easken foldogge om meidwaan te kinnen oan ynternasjonale wedstriden.
 
De FIVB is ek ferantwurdlik foar de spulregels en it byhâlden fan dy regels. Yn de ôfrûne jierren binne der in protte wizigings trochfierd yn ferbân mei de promoasje fisy, ek fûn de FIVB it wichtich dat it publyk mear niget krige oan it sjen nei it follybal. Dêrneist binne der ek wizigings trochfierd om foldwaan te kinnen oan de easken fan sponsors en media-organisaasjes. De feroarings fariearje fan de ferplichting foar follyballers om in 'trendy' unifoarm te dragen om it oantrekliker te meitsjen foar it publyk, oant fiergeande feroarings lykas it ynfieren fan it ''rally-point systeem''.
 
De FIVB is dé ynternasjonale autoriteit yn it follybal, der wurdt besletten oer doping, nasjonaliteiten, geslacht feroarings ensafuorthinne. Ek publisearret de FIVB de [[Wrâldranglist follybal]], dy't brûkt wurdt foar ynternasjonale kompetysjes.
 
== Organisaasje ==
[[File:World Map FIVB.png|400px|thumb|Kaart mei kontinintale federaasjes dy't oansletten binne by de FIVB]]
De FIVB hat in tige wiidweidige bestjoerlike struktuer, dat bestiet út in Ried fan Bestjoer, in Utfierend Komitee en it tal kommisjes en rieden dy't har dwaande hâlde mei spesifike follybal saken, lykas skiedsrjochters, toernoaien en finânsjes.
 
By de FIVB binne fiif kontinintale federaasjes oansletten:
 
{| class="infobox bordered"
|-
|width=10px bgcolor=#ff66ff| || ''Asian Volleyball Confederation'' (AVC) foar [[Aazje]] en [[Oseaanje]]
|-
|width=10px bgcolor=#00cc66| || ''Confederación Sudamericana de Voleibol'' (CSV) foar [[Súd-Amearika]]
|-
|width=10px bgcolor=#ff9900| || ''Confédération Africaine de Volleyball'' (CAVB) foar [[Afrika]]
|-
|width=10px bgcolor=#3333ff | || ''[[Confédération Européenne de Volleyball]]'' (CEV) foar [[Europa]]
|-
|width=10px bgcolor=#cc3366| || ''North, Central America and Caribbean Volleyball Confederation'' (NORCECA) foar [[Noard-Amearika]] en [[Súd-Amearika]]
|}
 
== Keppeling om utens ==
*[http://www.fivb.org/ Hiemside FIVB]