Afrikaansk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: rw:Ikinyafurikansi
Rigel 43:
 
== Skiednis fan it Afrikaansk ==
\
[[Ofbyld:South Africa Afrikaans speakers proportion map.svg|thumb|right|200px|''Geografyske sprieding fan it Afrikaansk yn Súd-Afrika; it oandiel Afrikaansktaligen yn de befolking.'']]
[[Ofbyld:Distribution of Afrikaans in Namibia.png|thumb|right|200px|''Geografyske sprieding fan it Afrikaansk yn Súd-Afrika; it oandiel Afrikaansktaligen yn de befolking.'']]
 
It Nederlânsk kaam oan op it [[Afrika]]anske kontinint doe't [[Jan van Riebeeck]] yn [[1652]] oan kaam by [[Kaap de Goeie Hope]] en dêr in koloanje stifte. Doe begûn ek de skreaune skiednis fan Súd-Afrika. De Kaapkoloanje waakse gau en fral Nederlanners en Flamingen, mar ek in soad [[Dútslân|Dútsers]] en [[Frankryk|Frânsen]], kamen foar de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy]] yn de koloanje wenjen. De lêsten learden it Nederlânsk rap, ek harren nammen waarden faak fernederlânske. De befolkingsgroep dy't sa ûntstie, neamde himsels op in stuit [[Afrikaners]] of Boeren. Sûnt [[1740]] begûn de sprektaal in eigen libben te krijen. It Nederlânsk feroare stadich trochdat it troch oare talen beynfloede waard, lykas it [[Maleisk]] fan de Maleiers, dy't troch de Nederlanners as wurkkreften nei Súd-Afrika helle waarden. Mar de skriuwtaal bleaun oant [[1925]] folslein basearre op it Europeeske Nederlânsk. Der wie yntusken wol in eigen foarm fan it Nederlânsk ûntstien, it ''[[Kaapsk-Nederlânsk]]''.