Plinius de Aldere: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: {{stobbe}} thumb|''Plinius de Alde'', [[18e ieusk ôfbyld]] '''Gaius Plinius Secundus maior''' (Komo, ± 23 nei Kr. - ûnder Stabiae, [[...
 
oanfollinkje
Rigel 3:
'''Gaius Plinius Secundus maior''' ([[Komo (stêd)|Komo]], ± [[23]] nei Kr. - ûnder [[Stabiae]], [[24 augustus]] [[79]]), mei de bynamme ''maior'', d.i. ''de Aldere'', om him ûnderskiede te kinnen fan syn neef [[Gaius Plinius Caecilius Secundus minor]], wie in [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] militêr, letterkundige en amateur-wittenskipper.
 
Hy wie in freon fan keizer [[Fespasianus]]. Hy wie de measte tiid dwaande mei stúdzje, skriuwen en it ûndersykjen fan natuerlike- en geografyske ferskynsels. Dit resultearre yn in ensyklopedy, ''Naturalis Historia'', wat in foarbyld waard foar eltsenien dy't him letter oan in fergelykber wurk sette. Yn boek XVI beskriuwt er it lân sûnder beammen fan de [[Sjauken]] tusken de [[Noardsee]] en de wâlden, dêr't minsken op terpen wenje en ierde as branje brûke.
 
Plinius hat it befel oer mear as ien legers yn ferskate Romeinske provinsjes hân. Yn [[47]] wie der by doe't de [[Sjauken]] ferslein waarden, 50/51 fjochte er yn wat no Noardhessen is. Fierders begelate Plinius, de lettere keizers [[Fespasianus]] en Titus op har fjildtochten nei [[Germania]].
 
== Keppelings om utens ==