Francis Bacon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl:
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 24 jan 2011 om 19.31

Francis Bacon (Dublin, 28 oktober 1909Madrid, 28 april 1992) wie in Ingelske ekspresjonistyske keunstskilder. Hy makke portretten fan persoanen, wêrby't it antlit of lichem mishypt wie om in bettere yndruk fan harren psychyske en emoasjonele aard wer te jaan. Bacon portrettearre net de bûtenkant fan de persoanen, mar de binnenkant. Syn skilderijen hawwe faan in groteske, tsjustere en benearjende útstrieling.

Karakterisearring fan syn wurk

De portrettearden yn it wurk fan Bacon binne faak ienlike, ferwezen en depressive persoanen dy't yn in gaoatyske wrâld libje en har weromlutsen hawwe yn in klaustrofobyske tsjustere lokaasje.

Bacon makke gebrûk fan in unike skildertechnyk wêrby't hy earst farve op in doek smiet en dêrnei pas sjen gie wat hy yn de farveklodders seach. Pas as hy in foarstelling yn de abstrakte farrve seach, gie hy dizze klodders útsmarren mei in doek, wêrby't de farve yn de poarjen fan it (net-preparearre) linnen drukt waard. By it útsmarren kaam hy wurkjendewei ta in einresultaat, wat hy 'boetsearje yn farve' neamde. Troch de flugge, dynamyske en spontane manier fan skilderjen en troch de soad ûnbeskildere plakken yn syn skilderijen kinne syn wurken beskôge wurde as akwarellen yn oaljefarve.

By Bacon foarme de komposysje it wichtichste ûnderdiel fan it skilderij. Hy eksperimintearre krekt salang oant hy de goede ferhâlding hie tusken foarm, kleur en djipte. Hjirby wie de leechte like wichtich as de foarmen en figueren sels wiene. Neffens Bacon wie it meitsjen fan de komposysjes dan ek syn ienige driuwfear as keinstner: struktuer skeppe yn de gaos dy't syn eigen libben wie. Alle figueren hiene, oant yn de lytste details, in spesjale betsjutting y Bacon syn libben en allinnich troch dizze figueren en foarmen yn strakke komposysje te setten koe hy mei dy obsesjes ôfrekkenje. Omdat it meitsjen fan komposysjes in soad eksperimintearjen en oefenjen ferge, makke Bacon tsientallen skilderijen oer itselde ûnderwerp, krektlike lang oant hy de ultime komposysje makke en mei dat byld ôfrekkenje koe. Hieltiten weromkommende bylden dy't troch de holle fan Bacon spoeken en dêr't hy dus mei ôfrekkenje moast wiene de krusiging, trijelûken, it portret fan Velasquez, de selsmoard fan syn leafde George Dyer, skilderijen fan Vincent Van Gogh, de minsklike mûle, rôfdieren en röntgenfoto's. Al dizze figueren en tema's kamen hieltiten werom yn syn wurk.

 
Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Hoewol't it wurk fan Bacon nea akstrakrt woarn is, skildere hy syn skilderijen wol bewust ûndúdlik, wêrtroch't meardere ynterpretaasjes mooglik waarden. Bacon woe dat 'de farve in eigen libben krije soe', wêrmei't hy bedoelde dat elk mins yn de komposysje sjen koe wat hy deryn sjen koe. De details, personen en voorwerpen op het schilderij waren voor hem zeer persoonlijk gevoelig en, naar zijn eigen zeggen, niet belangrijk voor de kijker. De kijker hoefde alleen de harmonie, rust en orde van de compositie te ervaren.

It werk fan Bacon wurdt faak tot het expressionisme gerekend, maar er zijn ook raakvlakken met het surrealisme. Bacon zichzelf een 'persoonlijk realist': hij schilderde zijn ervaringen en waarnemingen op een manier zoals hij die in zijn hoofd wilde rangschikken.

Wurk (karút)

  • Figures in a Garden (1936)
  • Three Studies for Figures at the Base of a Crucifixion (1944)
  • Figure in a Landscape (1945)
  • Study of a Dog (1952)
  • Figure in a Landscape (1952)
  • Study for a Portrait (1952)
  • Man with Dog (1953)
  • Study for Portrait II (after the Life Mask of William Blake) (1955)
  • Study for a Portrait of Van Gogh IV (1957)
  • Figure with Meat (1954)
  • Paralytic Child Walking on All Fours (from Muybridge) (1961), Gemeentemuseum Den Haag [1]

Musea

{{Boarnenboarnefernijing=


  1. Paralytic Child Walking on All Fours (from Muybridge)
  2. Francis Bacon yn it Museum of Modern Art

}}