Fryske Autobusmaatskippij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
De '''Fryske Autobusmaatskippij''' (''Friese Autobus Maatschappij'', FRAM), fêstige op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], wie in [[iepenbier ferfier]]bedriuw dat op [[1 april]] [[1971]] ûntstien wie út in [[Fúzje (ekonomy)|fúzje]] fan de [[NOF]] yn [[Dokkum]] - wêr't koart dêrfoar de [[Leeuwarder Autobus Onderneming|LABO]] en de [[LAB]], beide út [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], yn opnommen wiene - mei de [[Nederlânske Tramwei Maatskippij|NTM]] op It Hearrenfean. Op [[1 jannewaris]] [[1974]] kaam dêr it [[Autobedriuw ZWH|ZWH]] yn [[Balk]] by en op 1 jannewaris [[1979]] ek noch de linetsjinsten fan de [[ESA]] út [[Mearum]].
 
It ferfiersgebiet bestie út de hiele provinsje [[Fryslân]] (mei de [[Waadeilannen]] [[Flylân]], [[It Amelân]], [[Skylge]] en [[Skiermûntseach]]), súdwest-Grinslân, linen nei [[Assen]] en [[Meppel]] en in part fan de [[Noardeastpolder]]. Teffens waard er yn kombinaasje mei de [[Noord-Zuid-Hollandsche Stoomtramweg-Maatschappij|NZH]] (oant [[1972]] mei de [[Nederlandsche Auto Car Onderneming|Naco]]) riden fan Ljouwert fia de [[Ofslútdyk]] nei [[Alkmaar]] yn Noard-Hollân.
 
Op 1 jannewaris 1996 fusearre de FRAM mei de [[DVM/NWH]] ta de [[VEONN]]. Mei yngong fan 30 septimber 1998 waard de [[Hanze Groep]], wêr't VEONN diel fan útmakke, oernommen troch [[Arriva]] en mei 22 april 1999 krigen de bussen ek it Arriva-logo.