Sjirk Frânses van der Burg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
datum
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 2:
, bistedokter op [[De Lemmer]], en yn syn studintetiid in liedende figuer yn de [[Federaasje fan Fryske Studinte Ferienings]].
 
== Kneppelfreed ==
Van der Burg wie oanholden om't er op in dyk rideriden hie dy't ôfsletten wie troch it wetterskip, Hy hie dat dien om't er in haastgefal hân hie, dat hy liet it op in rjochtsaak oankomme. Op [[17 oktober]] [[1951]] krige er in boete fan sân gûne, mar dêrmei wie de saak noch net klear. Want Van der Burg hie wegere om [[Nederlânsk]] te sprekken en rjochter Wolthers hie wegere him te ferstean as er Frysk spruts.
 
Wolthers, dy 't al jierren yn Fryslân wenne en it Frysk al ferstean koe, woe dochs fan de beklage dat er Nederlânsk prate en frege him at er as studearre man gjin Nederlânsk koe. Van der Burg gong troch yn it Frysk en fierde oan dat immen dy't yn Fryslân terjochte stie, syn eigen taal brûke meie moatte soe. Dêrop gong de rjochter derta oer de sitting op te skowen, om him derop te berieden, at der in tolk komme moast. De beklage waard oplein te wachtsjen oant dat berie plakfûn hie en dêrnei wer op 'e rjochtsitting te ferskinen.
Rigel 14:
* In Memoriam foar Sjirk Frânses van der Burg, pleatst yn it Tijdschrift voor Diergeneeskunde, diel 133, ôflevering 16, 15 augustus 2008
}}
 
 
[[Kategory:De Lemmer]]