John Maynard Keynes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
[[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:John Maynard Keynes.jpg|thumb|’’John Maynard Keynes’’]]
'''John Maynard Keynes''' ([[Cambridge (Ingelân)|Cambridge]], [[5 juny]] [[1883]] – [[Firle]], [[East Sussex]], [[21 april]] [[1946]]) wie in [[Feriene Keninkryk|Britsk]] [[ekonoom]].
 
Syn heit wie universitêr dosint yn [[ekonomy]] en [[logika]]. Op skoalle wûn hy in beurs foar Eton dêr’t hy al gau opfoel troch syn mearsidige talinten. Hy studearre earst oan it King's College yn Cambridge [[wiskunde]] en [[filosofy]], en pas letter begûn er oan de ekonomystúdzje. Keynes hette foar ekonomy mar in betreklik leech sifer. Hy liet him sels dúdlik út oer dat resultaat: "Ik wist kenlik mear fan ekonomy ôf as myn eksaminators".
Keynes wurke sûnt 1906 as amtner ûnder oare by it India Office. Hy fertsjintwurdige it Ingelske Ministearje fan Finansjen op de fredeskonferinsje fan Versailles nei de [[Earste Wrâldoarloch]]. Hy wie it net iens mei de hege werstelbetellingen dy't [[Dútslân]] nei de oarloch oplein waarden. Sa skreau hy yn 1919 de "The Economic consequences of the Peace". Doe't er werom wie yn Cambridge waard Keynes hy earst lektor yn de ekonomy en letter "Fellow of King's", in funksje dy't er syn fierdere libben hâlde soe. Yn 1921 publisearepublisearre hy it boek "A Treatise on Probability" en yn 1936 "The General Theory of Employement, Interest and Money". Mei syn "General Theory" is Keynes ien fan de ferneamste ekonomen wurden, en hat hy hjirmei nije ynsichten jûn foar de ekonomyske polityk fan de oerheid, rjochte op it bestriden fan konjuncturelekonjunkturele wurkleazens (de anti-syklyske begruttingspolityk). Keynes hat troud west mei de [[Ruslân|Russsyske]] balletdûnseresse Lydia Lopokova en syn heit, John Neville Keynes hat syn soan oerlibbe.
 
== Bibliografy ==