De Lemmer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
de:
L +kat
Rigel 18:
 
Yn [[1799]] falle de Ingelsken del op De Lemmer. Der wie oarloch tusken [[Ingelân]] en [[Frankryk]] en de Republyk bleau net bûten skot. Ingelske oarlochskippen farden de Sudersee op: Inkhuzen, Medemblik en [[Starum]] waarden troch harren beset. Koart dêrnei kamen se op De Lemmer oan. It Lemster beurtskip, wêrmei de ûndernimmende Poppe Jans al mannich tocht nei Amsterdam makke hie, waard by [[Urk]] oermastere. De opfarrenden waarden nei Starum brocht. Op [[24 septimber]] ferskynden twa Ingelske oarlochskippen foar de haven fan De Lemmer. Kaptein [[James Booprder]] gie ûnder dekking fan in wite flagge yn in sloep oan wâl om mei de bestjoerder te ûnnerhanneljen. In fûle stoarm needsake him om oan wâl te oernachtsjen. Trije dagen letter kaam er werom en easke De Lemmer op foar de Ingelsken, alle laden skippen ynbegrepen. By wegering soe De Lemmer oan grús sketten wurde. De bestjoerders wiisden it lykwols ôf. Se hiene betrouwen yn de 500 swier wapene Bilkers dy't op De Lemmer delstrutsen wiene. Der wie lykwols gjin hâlden oan. Oerdel oere nei't de Ingelsken begûn wiene mei it besjitten fan De Lemmer, waard de flagge op'e tsjerketoer setten as teken fan oergave.
 
[[Kategory:Lemsterlân]]
 
[[de:Lemmer]]