Sigmund Freud: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
fw
Rigel 1:
[[Ofbyld:Freud ca 1900.jpg|thumb|''Sigmund Freus (1900)'']]
'''Sigismund Schlomo Freud''' (Freiberg ([[Moraavje]]), [[6 maaie]] [[1856]] – [[Londen]], [[23 septimber]] 1939) wie in senuwarts, [[filosoof]] en [[psychiatry|psychiater]] út [[Eastenryk]]-[[Hongarije]] en de grûnlizzer fan de psychoanalyze. Freud ûntwikkele de techniken fan "Psychoanalyze" foar de behanneling fan psychyske en emosjonele steurnissen.
 
Freud studearre ôf as doktor yn de [[Genêskunde]] fan de Medyske Fakulteit fan de Universiteit fan [[Wenen]] yn 1881. Yn septimber 1891 ferhuze Freud nei de 19 Berggasse yn Wenen, dêr't hy 47 jier wenje en wurkje soe. Yn 1896 waard yn "de etiology fan hystearje," foar de earste kear Freud syn term "de psychoanalyze brûkt. Yn oktober 1902 ûntstie om Freud hinne in groep artsen dy't alle wiken de psychoanalyze bespruts. De groep neamde harsels yn 1908 "Weenske Psychoanalytyske Ferening." Yn 1910 waard de Ynternasjonale Psychoanalytyske Feriening oprjochte yn [[Neurenberg]] mei de Switserske psycholooch Carl Jung as de earste foarsitter. Psychoanalyze waard al rillegau rûnom akseptearre as in wittenskiplike dissipline en as in terapeutyske benadering.