Frâns Joazeflân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Franz Joseflân werneamd ta Frâns Joazeflân: Frysk
L namme oars stavere
Rigel 1:
[[Ofbyld:Frans Josefland Ligging.gif|260px|thumb|''Lokaasje yn de [[Noardlike Iissee'']]]]
'''FranzFrâns JosefJoazef(s)lân''' ([[Russysk]]: Земля Франца Иосифа, ''Zemlja Frantsa Iosifa'') is in kloft fan sa'n 187 (of 191?) fulkanyske eilannen noardeastlik fan [[Spitsbergen]], bewesten fan de eilannegroep Severnaja Zemlja ([[Noardlân (arsjipel)|Noardlân]]) en benoarden [[Nova Sembla]] en de [[Barentssee]]. Hja binne part fan de [[Ruslân|Russyske]] oblast [[Archangelsk]]. De eilannen hawwe in totaal oerflak fan 20.700 km² (neffens oare boarnen 16.090 km²) en binne it noardlikst gebiet fan sawol [[Europa]] as Ruslân. Kaap Fligely (''August fan Fligely'') op it Rudolfeilân (''ostrov Roedolfa'') is de meast noardlike punt fan de kloft. De eilannen lizze yn de tiidsône fan de oblast Archangelsk ([[Moskoutiid|MSK/MSD]]).
 
De eilannen waarden yn [[1873]] tafallich ûntdekt yn de Eastenryksk-Hongaarske Noardpoalekspedysje troch poalûndersikers [[Julius von Payer]] en [[Karl Weyprecht]] en neamd nei Keizer [[Frans Jozef I fan Eastenryk|Frans Jozef I]].
Rigel 7:
 
== Lizzing ==
De eilannen besteane út [[fjord]]en, ynholten en meastal beferzen [[seeïngte]]s. It noardlikste punt fan FransFrâns JozeflânJoazeflân leit op sa'n 900 kilometer fan de [[noardpoal]]. It súdlikste eilân leit op likernoch 370 kilometer fan it eilân [[Nova Sembla]].
[[Ofbyld:FranzJosefLand2.gif|right|thumb|350px|''Kaart fan FranzFrâns JoseflânJoazeflân''.]]
== Klimaat ==
Der hearsket in strang arktysk kilmaat op de arsjipel en stoarmje docht it der faak. Oan de ein fan de koarte simmer is it faak mistich. De temperatuer is simmers trochsneed +2 °C en -22 °C yn de winter. De lêste jierren wiene de temperatueren útsûnderlik, fan +10 °C en -48,9 °C. Dizze feiten komme fan it waarstasjon ''Nagoerskoje'' op Alexander-Lân yn it westen fan de arsjipel.
Rigel 15:
 
== Floara en fauna ==
Sa ticht by de noardpoal waakst net folle. Op FranzFrâns JozeflânJoazeflân binne ferskillende soarten [[moas]] en gers. Der komme in stik as wat simmerbloeiers foar mei in koarte libbenssyklus. Op guon fan sinne beskynde sniefjilden waakse [[algen|iisalgen]] dy't opfallende kleuren hawwe, sa as skarlekkenread en gersgrien.
 
De meast foarkommende bistesoarten binne [[walrus]]sen, [[seehûnen]], [[poalfoks]]en, [[iisbear]]en en ferskate ynsektesoarten. De kliffen en strannen wurde troch [[seefûgels]] befolke dy't hjir ek harren jongen krije. Allinne de iisbeer oerwintert op de arsjipel.
Rigel 32:
== Skiednis ==
It seegebiet om FransFrâns JozeflânJoazeflân hinne waard yn de [[17e ieu]] troch robbejagers en walkisjagers ûntdekt. Oanwizings dêrfoar foarmje de dokuminten fan de Nederlânske seefarder [[Cornelis Roule]] út [[1675]]. Yn [[1868]] met de Noar [[Nils Fredrik Rönnebeck]] in oantal eilannen en easke it lân foar [[Noarwegen]] op. Hy neamde it ''Rönnebecks-lân''. Op 30 augustus [[1873]] ûntduts de Eastenrykse ekspedysje fan [[Karl Weyprecht]] en [[Julius von Payer]] it eilân Gallia (''ostrov Gallja'') op'en nij. De arsjipel, dy't doe noch ta Noarwegen hearde, waard doe earst nei keizer Frans Jozef I ferneamd. It súdlik gebiet waard foar en nei de oerwintering fan 1873/74 ferkend. De poalûndersikers [[Fridtjof Nansen]] en [[Fredrik Hjalmar Johansen|Hjalmar Johansen]] oerwinteren yn 1895/96 op Kaap Noarwegen op it Jacksoneilân (''ostrov Dzjeksona'') nei't it harren net slagge wie om de noardpoal te berikken. De folgjende simmer moeten hja de Britske poalûndersiker [[Frederick Jackson]].
 
Op it plak fan de earste ûntdekking op Kaap Tegetthoff (Mys Tegetchof) waard by de [[Walter Wellman-Ekspedysje]] (1898-1899) in tinkstien oprjochte. Op Kaap Geller op [[Wilczeklân]] (''Zemlja Viltsjeka''; neamd nei [[Johann Nepomuk Graf Wilczek]]) oerwinteren yn 1899 ek in oantal leden fan de Welle-Ekspedysje. Yn [[1901]] moasten de ekspedysjeleden fan de Amerikaanske [[Evelyn Baldwin]] op it [[Algereilân]] (''ostrov Aldzjer'') oerwinterje. Op it Northbrook-eilân waard yn 1904 stienkoal dold troch in expedysje dêr't it skip fan letter by it Rudolf-eilân sonk.
 
Yn 1926 kaam FransFrâns JozeflânJoazeflân oan de [[Sovjet-Uny]] en tusken 1929 en 1963 wie de Tichajabaai op Hookereilân (''ostrov Goekera'') it wichtichste begjinpunt foar poalekspedysjes. Yn 1931 fleach LZ 127 "[[LZ127 "Graf Zeppelin"|Graf Zeppelin]]" oer de arsjipel oant oer de noardlikste lânpunt (Kaap Fligeli).
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wie der tusken augustus 1943 en july 1944 in geheim Dútsk waarstasjon mei de koadenamme "Schatzgräber" op Aleksanderlân. It personiel moast der lykwols wei út reden fan sykte. De materialen waarden yn oktober 1944 troch [[ûnderseeboat]]en fuorthelle.
Rigel 42:
Yn de [[Kâlde Oarloch]] wie de hiele arsjipel ôfsletten gebiet fanwege syn strategyske lizzing. Op [[Graham Belleilân]] (''ostrov Greem Bell'') wie in bommewerpereskader stasjonearre.
 
Op 23 desimber 1996 ferûngelokke in Russyske fleanmasine ([[Antonov An-72]]) by de lanning op fleanfjid ''Nagoerskoje''. Yn april/maaie 2005 waard de Payer-Weyprecht-betinkingsekspedysje mei spesjale tastimming nei FranzFrâns JoseflânJoazeflân makke. De modern útriste groep bestie út twa Eastenrikers, twa Russen en in poalhûn.
 
== Literatuer ==