Rolstoel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
+ boarnefermelding
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 45:
It sitkessen moat ek soargje foar '''ûnderteuning''', dit om te foarkommen dat de persoan yn de rolstoel by eltse beweging dy't hy of sy makket bygelyks by it oppakken fan in pinne dy't op 'e grûn fallen is al út de rolstoel falt. Dêrom moat in sitkessen soargje foar foldwaande ûndersteuning nei foaren en nei siden ta, wêrtroch it bekken in fêst punt wurde yn it kêssen.
Om trochlisferwûnings te foarkommen moat it kêssen nêst boppesteande saken ek soarge foar yn goede drukferdieling om pieken yn de druk te foarkommen. Der binne in ferskaat oan fullingen foar sitkêssens, der binne kêssens dy't folt binne mei skûm, mei loft, as mei gel en der binne kêssens mei in kombinaasje fan dizze fullingen.
 
=== Tsjillen ===
{{wurk}}
Hast wol it meast opfallende ûnderdiel fan in rolstoel. De eftertsjillen binne faaks fjouwerentweintig inch tsjillen mar der binne ek rolstuollen mei gruttere as lytsere eftertsjillen dat hinget in bytsje ôf fan de lingte fan de persoan dy't yn de rolstoel sit. De as fan de eftertsjillen sit meastentiids ûnder bekken fan de persoan dy't yn de rolstoel sit pleatst, by rolstuollen foar ynsidynteel gebrûk en tidlik gebrûk sitte se ek faaks ûnder de rêchleuning pleatst. Der is in soad ferskaat yn eftertsjillen sa ha je tsjilen mei trije speaken fan karbon, tsjillen mei tolve, achtjin as fjouwerentweintig speaken fan karbon, trijespeak tsjillen mei beweechberre ûnderdielen der yn saneamde spinners en tsjillen mei speaken dy't yn elnoar om flechte binne de saneamde twisters mar ek tsjillen mei gewoane speaken wurde noch in soad brûkt. By tsjilen mei gewoane speake wurd faaks speakbeskermers brûkt, dit foar de feiligens fan de [[finger]]s fan de persoan dy't yn de rolstoel sit as fan in nijsgjirrig lyts bêrntsje dat de tsjillen fan tichby besjocht, foar de feiligens by it sporten en foar de sier. Dizze speakbeskermers wurde makke fan keunsstof mar foar kwad rugby wurde de speakbeskermers makke fan aluminium. Om de tsjillen sitte bannen en dizze moatte foar de komfort en in lichte rolwjerstân soargje rolstuollen wurde dêrom faaks fersjoen fan hêgedrukbannen. bannen moatte goed op druk hâlden wurde om lichaamlike skea te foarkommen.
 
=== Typen hânbewage rolstuollen ===