Rolstoel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf's
Rigel 110:
[[Ofbyld:Douchestoel.JPG|200px|thumb|right|In dûsrolstoel]]
 
In bernerolstoel is in rolstoel spesjaal makke foar [[bern]]. In bernerolstoel kin in triuw, hânbewege as elektryske rolstoel wêze. De triuwrolstoel hâlde we hjirre efterwêge om't dy technysk net oars is as de triuwrolstoel foar [[folwoeksen]]en. By in bernerolstoel moat foaral sjoen wurde nei de meigroeiberens fan de rolstoel, sadat in bern der net al binnen in jier der út groeit. Fierders heart in '''hânbewege''' rolstoel foar bern oant en mei fiif jier âld foarsjen te wêzen fan anty-kiptsjiltsjes efter de rolstoel ''(fergelykber mei de sidtsjillen op bernefytsen)'', triuwhânfetten en speakbeskermers, dy't der binne om de feiligens by gebrûk te fergrutsjen. ''De anty-kiptsjiltsjes binne net winsklik by persoanen boppe de fiif jier âld mei in rolstoel foar deistich of ynsidinteel gebrûk, om't de anty-kiptsjiltsjes nêst it fergrutsjen fan de feiligens, ek de selsstannigens slim beheine.'' By in '''elektryske''' bernerolstoel is it fan belang dat troch in heech/leech ferstelling it bern gewoan oan [[tafel]] [[sitte]] kin as selsstannich guod fan it [[oanrjocht]] pakke kin. Foar de feiligens mei in elektryske rolstoel foar bern mar mei in beheinde gong ride kinne. OfhinklikÔfhinklik fan de [[leeftyd]] is dat tusken de seis en de tsien kilometer yn it oere.
 
== Sportrolstoel ==