Sint-Eustasius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: als:Sint Eustatius
Rigel 23:
 
== Skiednis ==
[[Kristoffel Kolumbus]] seach Sint Eustaasjes yn [[1493]] foar it earst. Yn de oardel ieu dêrop waard it eilân troch tal fan mogendheden opeaske. Yn [[1636]] waard it kolonisearre troch [[Nederlân]], benammen troch ynwenners fan [[Seelân]]. De Frânsen hienen yn [[1629]] in fort op it eilân bout, ditdat fort waard troch de Sieuwen letter útwreide en [[Fort Oranje]] neamd. Sint Eustaasjes is it plak wêr’tdêr’t de earste [[Joaden|Joadske]] delsetting stifte waard yn de [[Nije Wrâld]]. Dizze delsetting giet werom oan't begjin fan de [[18e ieu]]. De synagoge fan de Joaden, de Honen Dalim Synagoge waard bout yn [[1739]]. Hjoed deYn deidistiid is dizze synagoge net mear as in ruïne.
 
[[Ofbyld:StEustatius.jpg|thumb|left|300px|De haven fan Sint Eustaasjes.]]
Sint Eustaasjes waard yn de rin fan de tiid in wichtige trochfierhaven en wie it meast winstmeitsjende besit fan de [[West-Yndyske Kompanjy]]. Yn ditdy tiid waard it eilân wol de Gouden Rots neamd. Yn [[1779]] leinen mear as 3.000 skepen út [[Jeropa]], [[Amearika]] en [[Afrika]] oan yn de haven fan Oranjestêd. Somtiden kamen der mear as 20 skippen deis oan. Yn de haven koenen 200 skippen tagelyk lizze. Yn dizze tiiden wennen der rûmdoe goed 25.000 minsken op Sint Eustaasjes.
 
Doe’t de Amearikanen harren frijheidsstriid tsjin de [[Ingelân|Ingelsen]] begûnen, leveren de Nederlanners de wapens fia Sint Eustaasjes. Dizze goede relaasje tusken de beide gebieten resultearre yn it ferneamde ‘Flagge ynsidint’ fan [[16 novimber]] [[1776]]. Op die dei hie it Amerikaanske skip de [[USS Andrew Doria]], de nije [[Amerikaanske flagge]] yn top, Gallows Bay yn. It skip waard, yn opdracht fan gûverneur [[Johannes de Graeff]], ynhelle mei 11 salútskotten. Hjirmei is Nederlân it earste lân dat de [[Feriene Steaten fan Amearika]], de fakto, as ûnôfhinklik lân erkende. Dit barren wurdt elts jier fierd op de feestdei fan it eilân, [[Statia Day]].
 
De Ingelsen ferklearren hjirop Nederlân de oarloch ([[Fjirde Ingelske Kriich]]), en namen Sint Eustaasjes yn. Dizze kriich wie tige min foar de hannel fan Nederlân. De oarloch liede der ta dat de Ingelsen op [[3 febrewaris]] [[1781]] Sint Eustaasjes bemasteren. Gûverneur De Graaff, dy’t doe noch nea ôfwist fan de kriichsferklearing, joech him oer oan de Britske admiraal [[George Brydges Rodney]]. Tsien moannen letter waarden de Ingelsen oermastere troch it Frânske leger, bûnsgenoaten fan de Nederlanners tsjin de Ingelsen. Yn [[1784]] krige Nederlân it kommando oer it eilân werom.
 
Oant [[1983]] foarme Sint Eustaasjes, tegearre mei Saba en Sint Marten, de Boppewynske Eilannen. Yn [[1983]] krige it eilân de status as selsstannich eilângebiet. It eilân hat ien sit yn de [[Steaten fan de Nederlânske Antillen]].