Fryske Peallen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: fan nl:
LNo edit summary
Rigel 10:
}}
[[Ofbyld:Fryskepeallen sjoen fanút east rjochting west 2006 06 11 ballon 074.jpg|thumb|right|300px|''Fryske Peallen'']]
'''Fryske Peallen''' is in doarp yn it noarden fan de gemeente [[Opsterlân]]. It doarp hat likernôch 1014 ynwenners (2005). Fryske Peallen leit flakby de grins mei [[Grinslân]] en de doarpen [[Sigerswâld (Opsterlân)|Sigerswâld]] en [[Oerterp]]. It doarp leit oan de trochgeande wei fan [[Bakkefean]] nei de rykswei [[A7]] fan [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] nei [[Grins (stêd)|Grins]].
 
== Skiednis ==
Fryske Peallen ûntstie yn de [[18e ieu]] as ûntginningsdoarp yn it hege fean. Oant 1953 hearde it doarp by [[Sigerswâld (Opsterlân)|Sigerswâld]].
 
It wapen fan Fryske Peallen is ôflaat fan de skâns dy't steedhâlder [[Willem Loadewyk]] yn [[1593]] bouwe litten hat om de Spaanske legers te warren út Fryslân. De skâns yn it wapen hâldt de Spanjerts tsjin, symbolisearre troch it wapen fan [[Arragon]], mei de symboalen út de Fryske flagge oan de oare kant.