Tiny Mulder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Streuper (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
Krekt nei de oarloch kaam Tiny Mulder as sjoernaliste te wurkjen by it [[Friesch Dagblad]]. Hjir hat se fjirtich jier yn dieltiid wurke. Ek wie se foar guon regionale kranten korrespondint yn Ingelân en [[Skotlân]], letter hat hja hjirfoar ek noch reizge troch Amearika, Kanada en [[Denemark]]. Yn 1949 troude se mei kollega-sjoernalist Jildert Sudema (1923-1998) en tegearre krigen se twa bern. Tiny Mulder is yn 1985 opholden mei it sjoernalistike wurk.
 
Tiny Mulder skreaun sawol gedichten en romans as krityken. SeHja skreaun berneboeken en makke Fryske oersettings fan klassikers as ‘Alice in Wonderland’ en ‘Meneer Prikkebeen’. As wurdearring foar har wurk hat sy in protte literêre prizen wûn.
 
Tiny Mulder wie de frou fan wurden en dieden, fan fersen en polemyk, fan gefoel en ferstân, fan rjocht en ferset, fan moed en oerjaan. Har krewearjen foar it plak fan de frou yn in maatskippy dêr’t mannen it foar it sizzen hiene, har iver foar de diskusje oer rjocht en ûnrjocht, har moed om nije dingen te ûntdekken, har krêft foar de opbou fan it Friesch Dagblad. En yn it hege ryk fan taal en tinzen: yn it poëtyske en yn it lyriske. It oeuvre fan Tiny Mulder is ryk yn ferskaat.