Frâns Ferdinand fan Eastenryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Franzferdinand.jpg|thumb|''Aartshartoch Frans Ferdinand (rjochts) mei famylje]]
'''Frans Ferdinand''' (Dútsk: ''Franz Ferdinand'') ([[Graz]], [[18 july]] [[1863]] – [[Sarajevo]], [[28 juny]] [[1914]]), [[aartshartoch]] fan [[Eastenryk-Este]], wie kroanprins fan [[Keizerryk EastenryEastenryk|Eastenryk]]. Hy wie de soan fan aartshartoch [[Karel Loadewyk fan Eastenryk]] en [[Maria Annunciata fan Bourbon-Sisylje]]. Hy wie in neef fan keizer [[Frans Jozef I fan Eastenryk|Frans Jozef I]] en waard nei de selsmoard fan kroanprins [[Kroanprins Rudolf fan Eastenryk|Rudolf]] en nei de dea fan syn heit troanopfolger fan [[Eastenryk-Hongarije]]. Hy wie in kâld, hurd en despoatysk man. Hy glimke hast net, hie in typyske kâlde stoarjende blik en rûn oerdreaun eptich.
 
Hy samle antyk en hie in roazetún. Syn grutste leafhawwerij wie lykwols de jacht. Op jacht mei de Dútske keizer [[Wilhelm II fan DútslâmDútslân|Wilhelm II]] skeat hy ris 59 swinen en wie dûm dat de sechtichste him ûntkomd wie. Syn rol by de jacht wie benammen it oerheljen fan de trekker, sittend ynút in stoel wei. Personiel dreau de bisten by him foarby, wylst oaren de kadavers ôffierden en wer oaren laden gewearen[[gewear]]en oanrikten. Yn it jachtslot [[Konopiste|Konopište]] by [[Benesov|Benešov]] yn [[Tsjechje]], dêr't hy in grut part fan syn libben tahâlde, binne op de muorren fan in soad fertrekken nog altiten tûzenen krekt dokumintearre jachttrofeeën fan oer de heule wrâld te sjen. HjirûnderDêrûnder ek de opsette kop fan it earste bist dat syn dochter skeat, opdoe't twajierrigehja leeftiidtwa jier wie.
 
Frans Ferdinand boaske op [[1 july]] [[1900]] ûnder syn stân mei grevinne [[Sofie Chotek]]. De keizerlike famylje stie it houlik pas ta neidat oerienkomd wie dat Sofie gjin keninklike status krije soe en eventuele bern gjin oanspraak op de troan meitsje soene (in [[morganatysk houlik]]). Frans Jozef wie net oanwêzich by it houlik.
 
Op [[28 juny]] [[1914]] waard hy yn [[Sarajevo]] ([[Bosnje en Herzegovina]]) mei in [[FN Model 1910]]-pistoal deasketten troch [[Gavrilo Princip]], wylst hy in rûnrit makke yn in [[Gräf & Stift]] (sjoch ek: [[moard op Frans Ferdinand]]). De oanslach wie nei alle gedachten beraamd troch De Swarte Hân, in geheime nasjonalistyske [[Servje|Servyske]] groepearring. 28 juny is as tinkdei fan de [[Slach op it Merelfjild]] in spesjale dei foar de Súd-Slaven. Nei oanlieding fan dizze moard ferklearre Eastenryk de oarloch oan [[Servje]]. Dizze barrens waarden brûkt as oanlieding ta de [[Earste Wrâldoarloch]], al leine de oarsaken dêrfan earne oars.
 
== Bern ==