Hispanjoala: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: als:Hispaniola
red. en plaatsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Caribbean - Hispaniola.PNG|250px|right|thumb|''Lizzing Hispanjola'']]
'''HispaniolaHispanjola''' is nei [[Kuba]] it grutste [[eilân]] yn de [[Karibyske See]]. It leit ten easteneastlik fan Kuba dêr't it fan skieden wurdt troch de [[Windward PassaazjeWindwardpassaazje]], en ten westenbewesten fan [[Porto Riko]]. It heart krekt as dizze eilannen ta de [[Grutte Antillen]].
 
Op HispaniolaHispanjola lizze twa steaten. It westlik diel hjit [[Haïty]]; op it eastlik diel leit de [[Dominikaanske Republyk]], dy't twatredde fan it eilân beslacht. Der wenje ûngefear 17,5 miljoen minsken op it eilân.
 
== Skiednis ==
Op Hispanjola wennen [[Siboney]] [[Yndianen]]. Om it begjin fan de jiertelling arrivearen de [[Taíno (folk)|Taíno]]-stam fan de [[Arowakken]], dy't de oarspronklike befolking nei it westen ferdreauwenferdreaunen. Hja neamden it eilân ''Quisqueya'', wat ''mem fan alle lannen'' betsjut. Op [[5 desimber]] [[1492]] waard Hispanjola [[Untdekking_fan_Amearika|ûntdekt]] troch [[Kristoffel Kolumbus]]. Hy neamde it eilân ''La Española'', wat ''De Spaanske'' betsjut. Yn it Latyn is dat ''Hispanjola''. Omdat Kolumbus der fan oertsjûge wie dat hy yn [[Ynje]] oankomd wie, neamde hy de ynboarlingen Yndianen. Dizzen droegen gouden sieraden.
[[File:View of Haitian Landscape hispaniola.jpg|thumb|250px|Lânskip fan Haïty]]
 
Inkele wiken nei oankomst, op [[Earste Krystdeikrystdei]], sloech Kolumbus syn flaggeskip lek. Fan de restanten waard [[La Navidad]] boud, de earste Europeeske delsetting yn Amearika sûnt de tiid fan de [[Wytsingen]]. Hjir waarden 40 opfarrenden efterlitten mei de opdracht nei [[goud]] te sykjen. De oerbleaune beide skippen farden werom nei Spanje.
 
Op [[17 septimber]] [[1493]] farde Kolumbus mei 17 skippen en 1500 man oan board werom nei Hispanjola. De delsetting blykte ferwoaste, en fan de efterbleaune Spanjerts wie neat te finen. Der waard in nije delsetting stifte, dy 't ''La Isabela'' neamd waard - nei keninginne [[Isabella I fan Kastylje|Isabella fan Kastylje]]. Doe't de ynboarlingen net fertelle woenen wêr't se harren goud wei hellen, fierde Kolumbus tsien moannen lang oarloch tsjin harren. Yn de oarloch kaam Kolumbus efter de oarsprong fan it goud. Nei de oerwinning stelde hy de oerbleaune yndianen as [[slavernij|slaven]] te wurk yn de goudminen op Hispanjola.