North American P-51 Mustang: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
faaks letter mear
L bynamme
Rigel 5:
De '''P-51 Mustang''' wie in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[jachtfleanmasine]] út de [[Twadde Wrâldkriich]], ûntwurpen troch [[North American Aviation]]. It tastel kaam medden yn de oarloch yn tsjinst as lange-ôfstân eskortejager en en die ek noch tsjinst yn it begjin fan de [[Koreaanske Oarloch]].
 
Yn 1940 socht in Britske ynkeapkommisje flytich nei in oanfolling op de [[Curtiss P-40 Tomahawk]]. Sy rjochte har ta North American Aviation, dat yn foech 120 dagen in prototype boude. De earste Mustangs (Mustang Mk I/P-51/P-51A) krigen in Allison-motor, dêr't de prestaasjen fan, benammen op gruttere hichten, ôffoel. Opdrachten folgen rillegau. Net allinne de RAF woe se hawwe; it Amerikaanske leger hie ek ferlet fan in nije ferkenningsfleanmasine dat ek tsjinst dwaan koe as jacht- en grûnoanfalsfleanmasine. De Mustang krige yn't earstoan in grûnoanfalstaak, as dûkbommesmiter. Wilens waard by de Mustangs yn Ingelân troch technisy fan Rolls- Royce in [[Rolls-Royce Merlin]] ynboud. Dy motor wie de ideale kombinaasje mei it laminêre wjukprofyl fan de Mustang sadat de prestaasjes fan it tastel bot tanamen. It tastel ferbrûkte yn fergeliking mei oare fleanmasines relatyf in bytsje brânstof en krige in enoarme tenkynhâld. Dit en oare fleankarakterisiken, benammen de bettere manûvreaberens fergelike mei de [[P-49 Thunderbold]] en de [[P-38 Lightning]], makke it tastel tige gaadlik as eskortejager. It waard ynset foar it eskortearjen fan grutte bommesmiters sa as de [[B-17 Flying Fortress]] boppe [[Dútslân]] en de [[B-29 Superfortress]] boppe [[Japan]]. Yn 1944 waard de P-51D útrisd mei 6 [[Masinegewear|masinegewearen]] ynstee fan 4 wêrtroch't er in flinke fjoerkrêft hie.
 
By de Mustang is in saneamde '[[laminêre streaming|laminar flow]]'-profyl tagepast. De grutste dikte fan it profyl leit fierder nei efteren op de koarden dan by de oant dan ta wenstige profilen; dit betsjut dat de luchstream it profyl langer folget en letter oergiet fan laminêr nei tubulint wat minder luchtwjerstân betsjut.