Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 27 jan 2004 om 11.48

Wat is of better wêrom triem [file]?

No’t de earste kjeld fan ‘e pinnestriid wat út ‘e loft is, sil ik hjir myn arguminten jaan, dy’t laat hawwe ta it brûken fan “triem” foar it Ingelske “file”. Doe’t ik yn 1996 begûn mei it sammeljen en oersetten fan kompjûterbegripen út it Ingelsk wei nei it Frysk ta, haw ik de earste jierren wurke mei de oersetting “file-bestân”. Ik krige al gau it idee dat it in rare keunstgreep wie, mei om’t it Fryske "bestân" in oare en folle beheindere betsjutting hat as it Nederlânske "bestand". De betsjutting dy’t ik nedich hie, joech it Wurdboek fan de Fryske Taal net. Mar jo binne tûk, jo hingje noch mar wer in homonym oan "bestân". Starichoan waard my dúdlik wat der mis wie. Ik moast net fia it Nederlânsk, mar streekrjocht út it Ingelsk/Amerikaansk wei nei it Frysk. Der is ek sa’n spultsje. Jo lústerje jo buorman/frou in wurd yn en hy/sy jout it troch en sa mar troch, en oan de ein liket it wurd yn ‘e fierste fierte net mear op it wurd dat jo as earste jûn hawwe.

Doe’t helder waard dat it by it Ingelske kompjûter “file” om in oardere rige kompjûterkoades gie - sis mar nullen en ienen - koe ik op syk nei in Frysk wurd mei inselde soarte betsjutting en kaam út by “triem”. Hjir wurdt ek dúdlik wat der mis is mei it Fryske “bestân” en wat minder mei it Nederlânske “bestand”. Ommers dy twa binne mannichtewurden [hoeveelheid - Ned.] en se misse de oardering fan de rige fan “file”. De kompjûter soe der mar raar yn hingjen bliuwe, as sa'n oardering ûntbrekt.

Sa stean oan ‘e ein twa wurden foarinoar oer. Myn keunstmjittige homonym “bestân” en de streekrjochte-oersetting “triem”. Doe’t ik in pear dagen mei it begryp "triem" boarte hie, wist ik dat ik “goud” hie en in hiel grut probleem. It probleem dat guon Friezen leaver foar brûns of minder gean as se dêr de noch-net-Frysktalige Fries mei yn ‘e .... krûpe kinne. Ut earder diskusje op it web die bliken dat der mar ien tsjinargumint brûkt waard: it wurd “bestân” liket o sa moai op it Nederlânske “bestand”. Ik haw der foar keazen om mei de streekrjochte-oersetting “triem” te wurkjen en in skoftke lyn guon minsken op basis fan arguminten frege soks ek te dwaan. En noch gjin heal jier letter docht bliken dat it wurd “triem” rûnsjongt en wier se leauwe my net op myn moaie blauwe eagen.

In âlde taal fan fiskers en boeren, mei antwurden op moderne begripen liket my krekt in rykdom ta.