Ronald Zoodsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
+
MeinRei (oerlis | bydragen)
aktuele oanfolling
Rigel 21:
| prestaasjes = [[Ofbyld:Med 2.png|border|link=|15px]] Olympyske Spullen 1992
}}
'''Ronald Zoodsma''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[5 septimber]] [[1966]]) is in eardere [[Fryslân|Fryske]] [[follybal]]internationalynternational. Ronald Zoodsma wie ien fan de spilers dy't meidie oan it [[Bankrasmodel]], dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.
 
Ronald Zoodsma die twarres mei oan de [[Olympyske Spullen]]. De earste Olympyske Simmerspullen dêr't Zoodsma oan meidie wie yn [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1988|1988]] yn [[Seoel]]. Yn [[Súd-Korea]] waard it Nederlânsk follybalteam fiifde. Yn 1992 waard hy by de Simmerspullen fan [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1992|1992]] yn [[Barselona (stêd)|Barselona]] mei it Nederlânsk team twadde efter [[Brazylje]]. Yn totaal hat Ronald Zoodsma 349 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.<ref>[http://www.volleybal.nl/include/files//Bestanden/Oranje/InterlandoverzichtHerenSenioren2009.pdf] Ynterlannen oersjoch NeVeBo]</ref>
 
Nei syn karriêre as proffollyballer is Ronald Zoodsma follybaltrener wurden. Hy is no (2010-2011) trener by de follybalklup [[Lycurgus (follybalklup)|Lycurgus]] yn [[Grins (stêd)|Grins]].
 
Op [[13 febrewaris]] [[2011]] waard bekend dat Ronald Zoodsma yn byld wie om [[Peter Blangé]] op te folgjen as bûnstrener fan de [[Nederlânske follybalploech (manlju)|Nederlânske ploech.]] Der soene noch trije gadingmakkers wêze foar dy funksje.<ref>[http://www.omropfryslan.nl/77619/Zoodsma-yn-byld-by-Oranje.aspx "Zoodsma yn byld by Oranje" [[Omrop Fryslân]], 13 febrewaris 2011]</ref>
 
== Sjoch ek ==