Simon Vestdijk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
foto Tresoar
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
Yn 1932 folge syn offisjele skriuwersdebút mei de útjefte fan de bondel ''Verzen'' yn ''De Vrije Bladen''. Beskiedend foar Vestdijks úteinlike kar foar de literatuer is syn moeting yn 1932 mei [[Eddy Du Perron]] en [[Menno ter Braak]]. Dizze moeting hie as resultaat dat hy redaksjelid waard fan it tydskrift ''[[Forum (literêr tydskrift)|Forum]]''. Koart dêrnei. yn 1933, waard syn earste novelle, ''De oubliette'', útjûn. Yn itselde jier skreau hy ''Kind tussen vier vrouwen'', dat, wegere troch de útjouwer, letter de basis foarmje soe foar de earste trije dielen fan de Anton Wachter-romans. As earste fan dy syklus waard yn 1934 ''Terug tot Ina Damman'' útjûn troch de útjouwerij Nijgh & van Ditmar. Dizze útjouwer en – sûnt 1946 – útjouwerij De Bezige Bij soenen oant it ferstjerren fan Vestdijks yn 1971 syn hiele romanoeuvre útjaan. Nei 1936 wenne Vestdijk tegearre mei Ans Koster-Zijp, oant har ferstjerren yn 1965. Fan febrewaris 1938 oant juny 1939 wie Vestdijk redakteur keunst en letteren fan de ''Nieuwe Rotterdamse Courant''. Yn deselde perioade waard him de [[C.W. van der Hoogt-prijs]] takend foar syn roman ''Het vijfde zegel''.
 
Fan 4 maaie 1942 oant ein febrewaris 1943 waard Vestdijk troch de Dútske besettingsmacht fêstholden as gizeler yn [[Gizelerskamp_Sint-Michielsgestel|Sint-Michielsgestel]] en [[Skeveningen]]. Fan 1945 oant 1948 wie hy redaksjelid fan ''Centaur'' en kritikus foar ''Het Parool''. Yn 1949 waard hy redaksjelid fan ''Podium'' en meiwurker fan it ''Algemeen Handelsblad''. Yn 1951 krige Vestdijk de [[P.C. Hooft-priis]] foar syn yn 1947 ferskynde roman ''De vuuraanbidders''. Yn 1955 waard hy [[Ridder yn de Oarder fan Oranje- Nassau]] en krige hy de [[Constantijn Huygens-priis]] fan de [[Jan Campertstichting]] foar syn hiele oeuvre, dat op dat stuit sa'n 80 titels telt. Yn 1957 waard hy foar it earste troch it [[PEN-sintrum]] foar Nederlân foardroegen foar de [[Nobelpriis foar de Literatuer]], dy't him lykwols nea takend waard. Yn 1964 joech de [[RijksuniversiteitRyksuniversiteit Grins]] him in [[earedoktoraat]] yn de letteren.
 
Nei it ferstjerren fan Ans Koster-Zijp yn 1965 boaske hy mei Mieke van der Hoeven, mei wa't hy in soan (1967) en in dochter (1969) krige. Op 20 maart 1971 waardt him de [[Priis fan de Nederlânske Letteren]] takend, mar ear't hy dizze oannimme kin ferstoar hy op 23 maart op 72-jierige leeftyd yn it Akademysk Sikehûs yn [[Utert (stêd)|Utert]]. Vestdijk wie [[auteur]] fan sirka 200 boeken. Fanwege dizze tige grutte produksje neamde de dichter [[Adriaan Roland Holst]] him 'de man dy't hurder skriuwt as't God lêze kin'.