Amerikaanske Unôfhinklikenskriich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 2:
De '''Amerikaanse ûnôfhinklikenskriich''' is de oarloch tusken [[Grut-Brittanje]] en de koloanjes yn wat letter de [[Feriene Steaten fan Amearika]] wurde soe. De oarloch resultearre yn de ûnôfhinklikheid fan de Feriene Steaten.
 
Foar it begjin fan de striid wienen de ferskillen tusken de ferskate koloanjes, benammen yn ekonomysk opsicht tige grut. It Noarden wie in gebiet fan hannelers, wyst de ekonomy fan it Suden bepaald waard troch fan [[slavernij]] ôfhinklike tabaks-, rys- en katoenplantaazjes. Troch de mienskiplike Frânske fijân yn Kanada waard oan it begjin noch mienskiplik oplutsen en dat late yn 1763 ta de ferovering fan Kanada nei de saneamde ''French and Indian War'' (Sânjierrige oarloch). De striid koste it mememlân lykwols in slompe jild en om de kas wer te spekken waarden der hieltiten swierdere belestings op de koloanjen lein.
 
It ferset hjirtsjin liet net lang op him wachtsje en rûn út op in ûnôfhinklikensoarloch dy't wûn waard troch de trettjin koloanjes; oan it begjin fan de oarloch, op [[2 july]] [[1776]] waard de ûnôfhinklikheid al útroppen en op [[4 july]] waard de troch [[Thomas Jefferson]] skreaune ''Declaration of Independence'' oannomd. De Amerikaanse Frijheidsoarloch soe duorje oant 1783; op [[19 april]] 1783 erkenden de Britten harren ferlies by de [[Frede fan Versailles (1783)|Frede fan Versailles]] en lutsen har werom út de Feriene Steaten; de Amerikaanse republyk wie in feit. Nederlân wie, nei Frankryk, it twadde lân dat de ’Feriene Steaten fan Amearika’ erkende (1782). Dat de trettjin sa ferskillende koloanjes daliks in ienheid foarmje soenen, blykte in utopy. It ienige mienskiplike wiene winlik de ''Articles of Confederation'', in soarte [[grûnwet]] dy't lykwols benammenitbenammen it ûnôfhinklike karakter fan de koloanjes befêstige. Fierders wie der winliken mar ien mienskiplik orgaan, it Kongres, dat lykwols mar in pear kear jiers gearkaam. Dizze losse ferbyntisferbyntnis fan steaten hie te lijen ûnder grutte oarlochsskulden, in weromrinnende hannel en it ûntbrekken fan in sintraal gesach. De saneamde Federalisten pleiten foar in sterker gesach en in bettere grûnwet.
 
Yn 1787 waard der yndie in nije grûnwet oannomd, in muoisum proses dat pas ôfrûne wie doe't der in saneamde ''Bill of Rights'' oan de grûnwet taheakke waard. De "bill of rights" bestie út tsien artikels dy't de minsklike grûnrjochten befetten. Troch it oannimmen fan de nije grûnwet giene de trettjin koloanjes as in Uny fan de Feriene Steaten fierder en yn 1789 waard [[George Washington]] de earste presidint, in held út de oarloch tsjin de Britten.
 
[[Kategory:Skiednis fan Amearika]]