Walt Disney: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: rue:Уолт Дісней
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Oscar - Verwijzing(en) gewijzigd naar Academy Award
Rigel 10:
[[Mickey Mouse]] waard berne yn [[1928]] op de weromreis fan in teloarstellende moeting mei Charles B. Mintz. Mintz hie Disney frege om in goedkeapere opfolger foar de Alice-filmkes foar [[Universal Pictures]]. Doe't dy opfolger, [[Oswald the Lucky Rabit]], in sukses waard hierde Mintz de measte animators fan Disney yn om sels in studio foar Oswald te begjinnen. Om't Universal Pictures de rjochten op Oswald hienen koe Disney der neat oan feroarje en moast er wat nijs betinke. Hy krige it idee fan Mickey tegearre mei Roy. Walt makke it uterlik fan Mickey mei [[Ub Iwerks]], in man fan [[Nederlân]]sk komôf. Mickey Mouse, dy’t earst Mortimer Mouse hiet, waard foar it earst brûkt yn de film ''Plane Crazy''. Wilens kamen der ek nije technologyen beskikber, lykas lûd by in film. Plane Crazy waard derom útsteld. Yn stee dêrfan makken hja in nije tekenfilm mei de namme ''Steamboat Willie''. It wie de earste tekenfilm mei lûd. De premiêre wie yn it Colony Theatre yn [[New York City|New York]] op [[18 novimber]] [[1928]].
 
Walt Disney wie hieltyd dwaande om de animaasjekeunst te ferbetterjen. Yn [[1932]] wûn er syn earste persoanlike [[Academy Award|Oscar]] foar de film ''Flowers and Trees''. Yn [[1937]] produsearre Walt Disney de film ''The Old Mill''. Yn dy film waard foar it earst wurke mei multiplane-kamera-technyk.
 
Op [[21 desimber]] [[1937]] gie de earste jûnfoljende muzikale tekenfilm yn premiêre yn [[Los Angeles]]. De film wie produsearre foar mar leafst 1.199.000 dollars, wat foar dy tiid in slompe jild wie. Dy film, mei de namme [[Sniewytsje en de sân dwergen]], wurdt noch altyd sjoen as in monumint yn de filmyndustry. Yn de neikommende fiif jier waarden noch fjouwer fan soksoarte films útbrocht dy’t wrâldferneamd wurden binne: [[Pinokkio]], [[Fantasia]], [[Dumbo]] en [[Bambi]]. Yn [[1940]] waard Disney’s nije studio iepene yn Burbank. It waard in wurkplak foar mear as 1.000 minsken. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard 94 prosint fan de studio brûkt foar it regear, bygelyks om soldaten te trenen.